Nicolaas Ypey (Ljouwert, 23 desimber 1794 - Ryptsjerk, 12 septimber 1869) wie in dokter, filantroop en grutgrûnbesitter.

Hy wie jierrenlang dokter yn Ljouwert. Troch syn houlik mei Baudina Looxma rekke er begoedige. Hy fêstige him yn Fiversburch (1851, Bosk fan Ypey), waard ûntginner fan de Burgumerheide en stipe alderlei maatskiplik wurk. Hy wie de heit fan Age Looxma Ypeij.

Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk filantroop Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ryptsjerk Kategory:Persoan berne yn 1794 Kategory:Persoan stoarn yn 1869