Johann Frederik Mauritz Herbell (Rees, Kleverlân, Dútslân 1752 - Snits, 25 jannewaris 1819) wie in histoarikus.
Hy wie in soan fan J.C. Herbell fan Kleef. Hy studearre rjocht yn Frjentsjer (ynskreaun 1770, en Duisburg 1773).
Herbell wie hûslearaar by G. F. thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg en sadwaande behelpsum by it gearstallen fan it Sjarterboek. Herbell gie dêr mei troch nei 1783 oant de revolúsje fan 1795 de útjefte einige.
Letter wie er stedssekretaris fan Frjentsjer, Snits en presidint fan de rjochtbank yn Snits. Syn bibleteek waard yn 1855 oerdroegen oan it Frysk Genoatskip. Herbell is frijfeint bleaun.
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1752 Kategory:Persoan stoarn yn 1819