Anno Houwing (Wedde, 9 oktober 1905 - Ljouwert, 29 novimber 1983) wie in Nederlânske fersetsstrider en plysjekommissaris fan Ljouwert yn de perioade 1946-1968.

Houwing begûn syn karriêre yn 1925 by de gemeenteplysje Grins, dêrnei yn Hilfertsom en Assen. Waard yn 1940 beneamd ta ryksresersjeur by it parket fan de Prokureur-Generaal fan it parket fan Plysje by it Gerjochtshof yn Ljouwert. Hy naam ûntslach doe't er troch de Dútske besetter nei Den Haach oerpleatst waard en belanne yn it Fryske ferset. Hy wurdt beskôge as geastlik heit fan it 'Fryske Feemgerjocht'. Nei de oarloch waard er beneamd ta kommissaris fan 'e plysje yn Ljouwert. Yn dy funksje joech er ûnder oaren opdracht om in demonstraasje foar it gerjochtshof yn Ljouwert mei hurde hân út elkoar te driuwen. In barren dat letter bekend kaam te stean as Kneppelfreed.

Kategory:Nederlânsk plysjeman Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk plysjeman Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1983