thumbnail|right|300px|Wrâldkaart mei it plak fan Noard-Amearika. Noard-Amearika is in wrâlddiel. Ta Noard-Amearika wurdt it gebiet rekkene tusken: yn it noarden de Arktyske Oseaan yn it easten de Atlantyske Oseaan yn it westen de Grutte Oseaan yn it suden de grins mei Súd-Amearika by Panama.
De Kariben, de eilannen en it gebiet fan de Karibyske See oan de súdkant fan de Noardamerikaanske lânmassa, wurde ek ta Noard-Amearika rekkene.
Binnen Noard-Amearika wurdt wol ûnderskie makke tusken Noardlik Amearika yn it noarden en Midden-Amearika, dat dan sels wer opdield wurdt yn Sintraal-Amearika, de lannen besuden de lâningte fan Meksiko en de Kariben.
thumbnail|right|Satellytfoto fan Noard-Amearika
Lannen Noardlik Amearika Yn dit part fan it wrâlddiel lizze 3 lannen: Kanada Feriene Steaten Meksiko
Fierders is der ien eilân mei beheinde selsstannigens: Grienlân (Denemark) Bermûda (Grut-Brittanje)
Sintraal Amearika Op it fêstelân fan Midden-Amearika lizze 7 lannen: Belize Kosta Rika El Salvador Gûatemala Hondûras Nikaragûa Panama
De Kariben Under de Karibyske eilannen falle 13 lannen: Antigua en Barbûda de Bahama's Barbados Dominika Dominikaanske Republyk Grenada Haïty Jamaika Kuba Sint-Finsint en de Grenadinen Sint Kits en Nevis Sint Lusia
Fierders binne der noch tolve eilannen en eilannegroepen dy't by in lân bûten de Kariben hearre: Amerikaanske Famme-eilannen (Feriene Steaten) Anguilla (Grut-Brittanje) Arûba (Nederlân) Britske Famme-eilannen (Grut-Brittanje) Kaaimaneilannen (Grut-Brittanje) Guadeloupe (Frankryk) Martinyk (Frankryk) Montserrat (Grut-Brittanje) Nederlânske Antillen (Nederlân) Puerto Riko (Feriene Steaten) Turks- en Kaikoseilannen (Grut-Brittanje)
Kategory:Wrâlddiel