De Sulveren Spjelde is in jierlikse priis fan It Fryske Berneboek. Alle jierren kinne skoallen, ôfwikseljend út it basis- of fuortset ûnderwiis oan de Fryske Berneboekesjuery of Jeugdboekesjuery meidwaan. Bern binne de sjueryleden en bepale sels hokker boek en skriuwer de Sulveren Spjelde fertsjinnet. Winners (kar-út) 2012: Auck Peanstra - Kantsjeboard op Kurasau 2010: Jan Schotanus - Bor en de boef 2000: Hanneke de Jong - De lêste brief 1998: Auck Peanstra - Yn piama de dyk oer (Peanstra krige hjirfoar ek de Simke Kloostermanpriis)

Kategory:Fryske berneboekepriis Kategory:Priis of ûnderskieding mei ûnbekend jier fan ynstelling