thumb|180px|Lútzen Wagenaar Lútzen Harmens Wagenaar (It Hearrenfean, 15 maart 1855 - Middelburch, 19 oktober 1910) wie in predikant. Ek syn broer G.H. Wagenaar wie dûmny.

Neidat er syn dissertaasje skreaun hie yn 1880 waard er herfoarme dûmny yn Wûns (1882-1884) en Heech (1884-1889). Dêr die hy mei oan de Doleânsje (ôfskieding fan de N.H. Tsjerke). Waard dûmny yn Ljouwert (1889-1892). Yn 1892 ferfarde hy nei Arnhim en yn 1897 nei Middelburch.

Yn Fryslân wie hy him as skriuwer/dûmny belutsen by de sosjale aksje, skreau in histoarysk drama (Tsjerk Ages) en hie in polemyk mei Pieter Jelles Troelstra (1886).

Syn wurk is samle troch Sipke Huismans (Moai sein, Lútzen, 1907). Wagenaar skreau ûnder oare Een wandel met God (J. J. A. Ploos van Amstel, 1895) en Het leven van Willem Lodewijk (1904).

Op It Hearrenfean is in strjitte nei him neamd.

Keppeling om utens Lútzen Wagenaar, biografyskportaal.nl

Wurk Het Reveil en De Afscheiding (1880) Tsjerk Ages - histoarysk drama polemyk mei Piter Jelles Troelstra, 1886 Een wandel met God - (J. J. A. Ploos van Amstel), 1895 De Hervormer van Gelderland Joh. Fontanus (1898), Us Heit (1903) Het leven van Willem Lodewijk, 1904 Fan Striid en Oerwinning. Moai sein, Lútsen - samle wurk (troch S. Huismans), 1907

Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1855 Kategory:Persoan stoarn yn 1910