Laurentius Frisius (Dokkum, ein 15e iuw - Metz, ± 1535?) wie in dokter.
Laurentius studearre genêskunde oan bûtenlânske hegeskoallen, benammen yn Dútslân en lei him ek ta op de stúdzje fan Grykske en Arabyske talen en filosofy. Hy wie genêshear yn Metz en Kolmar en waard ien fan de meast ferneamde genêshearen fan syn tiid neamd. Hat teffens pensjonaris fan Metz west en is dêr ek stoarn.
Wurk Pocken-boexken inholdende een grontlicke ende heylsame gheneesinge der grusamigher Pocken, enz. alleen mit den dranck des Hilligen Holts Guayaci, sonder ander groote oncosten van medicynen te ghebruyken, Kampen. Spiegel der Artzeny, Straatsburch 1518. Synonyma Materiae Medicae, sive simplicium Pharmacorum, Latinis, Graecis, et Arabicis vocabulis. (Tiid en plak fan útjefte net bekend.) Epitome opusculi de curandis pustulis, ulceribus et doloribus morbi Gallici, Basil. 1532. Ek mei de titel fan: De morbo Gallico, liber, in het werk van Aloysius Luisinus de morbo Gallico. Feneetsje. (1566-1567. 2 vol. fol.) T. I. p. 299-308.
Kategory:Frysk dokter Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk filosoof Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk taalkundige Kategory:Dútsk filosoof Kategory:Dútsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1535