Juwsmastate is in eardere stins fan Rinsumageast yn de gemeente Dantumadiel. De stins bestie al om 1400. De state is nei 1484 ferwoaste, it is de earste fan de 4 stinsen fan Rinsumageast dy't ferdwûn. Yn Rinsumageast is in wei neamd nei dizze stins: 'de Juckemawei'.
Healwei de 15e iuw hie Wopke Juwsma it faak oan de stok mei buorman Worp Tjaarda, fan de Tjaardastate. Hjirby binne fan beide famyljes in soad leden fermoarde. Uteinlik waard de Juwsmastate ferwoaste troch de Tjaarda`s, ek troch meidwaan fan de Ljouwerters.
List fan eigeners fan de Juwsmastate Jier Brûker Bauke Juwsma Wopke Juwsma 1466 Popke Juwsma 1466 Wyts Juwsma en Juw Harinxma 1466 Gaycke Juwsma 1484 Wilco Ringia
Kategory:Stins Kategory:Rinsumageast Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1484