Sito Wijngaarden (Sint-Jabik, 1979) is in dichter.

Hy publisearre yn de literêre tydskriften Hjir, Farsk en de Moanne en yn blomlêzings lykas: Droom in blauwe regenjas, Het goud op de weg en de twadde edysje fan de Spiegel van de Friese poëzie.

Wijngaarden wie part fan de redaksje fan it tydskrift Hjir en it ynternettydskrift Doar. Fan 2009 oant 2020 wie hy einredakteur fan kultureel opinytydskrift ‘de Moanne’. Yn 2003 wûn Wijngaarden de Rely Jorritsmapriis mei it gedicht Lânskip hjerst.

Prizen 2003 : Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Lânskip hjerst.

Keppeling om utens Foto fan Sito Wijngaarden

Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Jabik Kategory:Persoan berne yn 1979