De welpeprint wie in jierlikse priis dy't tusken 2000 - 2007 útrikt waard troch Stifting It Fryske Boek foar it bêst fersoarge Fryske berne- of jongereinboek. Yn it gefal fan de Liuweprint en de Welpeprint binne alle jierren twa prizen beskikber. Frysktalige boeken, boeken yn it Stellingwerfsk, it Biltsk en yn it Stedsfrysk komme dęrfoar yn de beneaming. De Liuweprint is der foar boeken dy’t bedoeld binne foar folwoeksenen, de Welpeprint foar boeken foar bern.

In sjuery maket in nominaasje fan boeken mei as kritearia: it formaat de kar fan lettertype en korpsgrutte fan de letter de blędspegel - hoe stiet de tekst op it papier - de papierkar fan it binnenwurk, kar fan it skutblęd de bynwize de kar en it beklaaiïngsmateriaal fan de bân it type tekst by de wize fan foarmjaan oft de foarmjouwing konsekwint trochfierd is hoe’t omgien is mei yllustraasjes de kwaliteit fan it printwurk it gehiel fan al dy saken de orizjinaliteit

Winners 2006 - Lederwyntsje, bern mei krêften fan Lida Dykstra 2005 - ? 2004 - De poes mei de lange sturt fan Baukje Wytsma en Carla van der Heijde 2003 - De tsien fan Nynke fan Hichtum troch Barbara Jonkers 2002 - Lokaal 13 fan Baukje Wytsma 2001 - Wolken fan wol fan Lida Dykstra 2000 - Snotaapkes fan Lida Dykstra

Kategory:Fryske berneboekepriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2000 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2007