thumb|Hayo Tuinhout, 1799troch Petrus Groenia Hayo Tuinhout (Snits, 17 augustus 1757 - Minnertsgea, 28 july 1811) wie in Frysk politikus.

Hy wie in soan fan Mr. Wybo Tuinhout en Elisabeth Thijssen. As patriot waard er boargemaster fan Frjentsjer. Hy flechte nei de komst fan it Prusysk leger mei Court Lambertus fan Beyma nei Frankryk. Hy wenne earst yn Sint-Omaars, letter yn Dúntsjerk en gie yn 1795 werom nei Fryslân. Dêrnei wie er in skoftke lid en foarsitter fan de Steaten fan Fryslân. Hy wie kommissaris fan de konvoaien en lisinten yn Harns oant 1807.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Frjentsjer Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Patriot Kategory:Frysk balling Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Minnertsgea Kategory:Persoan berne yn 1757 Kategory:Persoan stoarn yn 1811