thumb|left|125px|Wapen fan kleaster Fulda thumb|right|It kleaster yn 1655. Yn de midden de Ratgar-basilyk It kleaster fan Fulda, is it Benediktynske kleaster fan Fulda yn Hessen, Dútslân. It waard stfte op 12 maart 744 troch Sint Sturmius, in learling fan Bonifatius.

Skiednis Sturmius naam it stik lân plechtich yn besit en rjochte in krús op. It ûnlân waard rillegau ree makke foar de bou. Bonifatius joech persoanlik lieding oan de bou fan it kleaster en de tsjerke dy't wijd waard oan de Alderhillichste Ferlosser. Bonifatius beneamde Sturmius as earste abt fan de nije stifting, dy't alle besteande kleasters yn Dútslân yn gruttens en ferneamdens te boppe gean moast, en dy't in kweekskoalle foar prysters wurde moast. De kleasteroarder wie neffens dy fan de Abdij fan Monte Cassino. Sturmius gie sels nei Itaalje (748) om him dêr op de hichte te stellen. Om de folsleine selsstannigens fan de abdij feilich te stellen ferkrige Bonifatius in privileezje (4 novimber 751) fan Paus Zacharias dat de abdij direkt ûnder de Hillige Stoel pleatste en sa net ûnder episkopale (biskoplike) rjochtsfoech foel.Fulda yn de Katolike Ensyklopedy

De abten fan Fulda waarden yn de 10e iuw de earste abt fan de Benediktinen yn Dútslân en Galje. Yn de 12e iuw waarden hja ek keizerlike kânseliers en yn de 13e iuw prinsen fan it keizerryk. Fulda wie it sintrum fan kleasterherfoarming yn de tiid fan it regear fan Hindrik II.

It prestiizje fan Fulda naam lykwols ôf yn de neifolgjende iuwen. Yn 1803 waard it sekularisearre nei de Reichsdeputationshauptschluss, mar waard yn 1829 in episkopale sit.

Fulda wie fan 1802 oant 1806 residinsje en besit fan de lettere kening Willem I

De kleasterbibleteek befette sa'n 2000 manuskripten. Dêr waard wurk bewarre sa as Tasitus syn Annales en de Codex Fuldensis. It kleaster wurdt beskôge as de widze fan de Ald-Heechdútske literatuer.

Grûnbesit yn Fryslân It kleaster Fulda krige om 800 hinne in protte besit yn Fryslân, fral yn de omkriten fan Dokkum, mei omdat Bonifatius bannen mei Fryslân hie. De krekte grutte en lizzing fan dat besit is mar foar in part te efterheljen. De pacht bestie net allinnich út jild, mar ek wol, flaaks, weefsels en nôt koe de pacht mei foldien wurde. De pacht waard faak min opbrocht; dat ferbettere tydlik nei in reis fan abt Haldamar yn 944. Nei 1160 wurdt gjin Frysk besit fan Fulda mear neamd. De registers fan Fulda en Werden binne wichtige boarnen foar begryp fan de doetiidske ekonomyske- en agraryske tastân. Ek foar geografy, toponomy en antroponymy binne de registers ynstruktyf. Fulda hie yn Fryslân in advokatus, in fertsjintwurdiger, en rintmasters.

Hearskers oer Fulda oant de sekularisaasje thumb|right|250px|Katedraal fan Fulda. thumb|right|220px|Stânbyld fan Sint Bonifatius (1830) yn Fulda right|thumb|220px|Prins-abt, prins-biskop Heinrich VIII von Bibra troch syn hofskilder Johann Andreas Herrlein Abten St. Sturmius 744-779 Baugulf 779-802 Ratgar 802-817 Eigil von Fulda 818-822 Rabanus Maurus 822-842 Hatto I 842-856 Thioto 856-869 Sigihart 869-891 Huoggi 891-915 Helmfried 915-916 Haicho 917-923 Hiltibert 923-927 Hadamar 927-956 Hatto II. 956-968 Werinheri 968-982 Branthoh I 982-991 Hatto III 991-997 Erkanbald 997-1011 Branthoh II. 1011-1013 Poppo 1013-1018, ek abt fan Lorsch (Babenberger) Richard 1018-1039 Sigiwart 1039-1043 Rohing 1043-1047 Egbert 1047-1058 Siegfrid I fan Mainz (Sigfried fan Eppenstein) 1058-1060 Widerad fan Eppenstein 1060-1075 Ruothart 1075-1096 Godefrid 1096-1109 Wolfhelm 1109-1114 Erlolf fan Bergholz 1114-1122 Ulrich fan Kemnaten 1122-1126 Heinrich I fan Kemnaten 1126-1132 Bertho I fan Schlitz 1132-1134 Konrad I 1134-1140 Aleholf 1140-1148 Rugger I 1148 Heinrich II fan Bingarten 1148-1149 Markward I 1150-1165 Gernot fan Fulda 1165 Hermann 1165-1168 Burchard Graf fan Nürings 1168-1176 Rugger II 1176-1177 Konrad II 1177-1192 Heinrich III fan Kronberg yn de Taunus 1192-1216 Hartmann I. 1216-1217 Kuno 1217-1221

Prins-abten Konrad III fan Malkes 1221-1249 Heinrich IV fan Erthal 1249-1261 Bertho II fan Leibolz 1261-1271 Bertho III fan Mackenzell 1271-1272 Bertho IV fan Biembach 1273-1286 Markward II fan Bickenbach 1286-1288 Heinrich V Greve fan Weilnau 1288-1313 Eberhard von Rotenstein 1313-1315 Heinrich VI fan Hohenberg 1315-1353 Heinrich VII fan Kranlucken 1353-1372 Konrad IV Greve fan Hanau 1372-1383 Friedrich I fan Romrod 1383-1395 Johann I fan Merlau 1395-1440 Hermann II fan Buchenau 1440-1449 Reinhard Greve fan Weilnau 1449-1472 Johann II greve fan Henneberg-Schleusingen 1472-1513 Hartmann II Burchgreve fan Kirchberg 1513-1521/29 Johann III Greve fan Henneberg-Schleusingen 1521/29-1541 Philipp Schenk zu Schweinsberg 1541-1550 Wolfgang Dietrich fan Eusigheim 1550-1558 Wolfgang Schutzbar (oare namme Milchling) 1558-1567 Philipp Georg Schenk zu Schweinsberg 1567-1568 Wilhelm Hartmann von Klauer zu Wohra 1568-1570 Balthasar fan Dernbach (nanmed Grauel) 1570-1576, 1602-1606 Johann Friedrich fan Schwalbach 1606-1622 Johann Bernhard Schenk zu Schweinsberg 1623-1632 Johann Adolf fan Hoheneck 1633-1635 Hermann Georg fan Neuhof (waard Ley neamd) 1635-1644 Joachim Greve fan Gravenegg 1644-1671 Cardinal Gustav Adolf (Baden) (Bernhard Gustav Markgraf fan Baden-Durlach) 1671-1677 Placidus fan Droste 1678-1700 Adalbert I fan Schleifras 1700-1714 Konstantin fan Buttlar 1714-1726 Adolphus fan Dalberg 1726-1737 Prins-abten & Prins-biskoppen Amand fan Buseck, 1737-1756, prins-biskop begjint 1752 Adalbert II fan Walderdorff 1757-1759 Heinrich VIII fan Bibra, 1759-1788 Adalbert fan Harstall, 1789-1814, prins-biskop oant 1802

Fierder lêze Germania Benedictina, Bd.VII: Die benediktinischen Mönchs- und Nonnenklöster in Hessen, 1. Auflage 2004 St. Ottilien , S. 214–375 ISBN 3-8306-7199-7

Sjoch ek Annales Fuldenses Fulda

Keppeling om utens Skiednis fan it bisdom Fulda Skiednisboarnen op ynternet

Kategory:Kleaster yn Dútslân Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Bouwurk yn Hessen Kategory:Organisaasje oprjochte yn 744 Kategory:Organisaasje opheft yn 1803 Kategory:Bouwurk út 744