Petrus Schotanus à Sterringa (Dronryp, 1601 - Ljouwert, foar 1675) wie in keunstskilder.
Hy waard yn 1638 boarger fan Ljouwert, kommend fan Britswert. Teffens wurke er yn Frjentsjer en Amsterdam. Hy skildere benammen Vanitas-stillibbens. Wurk fan him hinget yn it Frysk Museum.
Yn 2021 stelde it RKD fêst dat it Nasjonaal Museum fan Georgje yn Tbilisi in skilderij fan Schotanus hat. It skilderij, in lânskip mei in kompleks bouwurk op in hichte, mei de titel Gesicht op in stêd, ûndertekene mei 'P Scho", siet al 100 jier yn de kolleksje fan it museum.Werk Friese schilder duikt op in Georgië, Frysk Deiblêd, 22 maaie 2021, s. 17
Galery
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Dronryp Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1601 Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw