It Friesisches Forum (Fryske Foarum) is in platfoarm (sûnt 1998 in feriening) yn East-Fryslân. It Friesisches Forum hâldt him dwaande mei ekonomyske en sosjaal-politike ûnderwerpen. It platfoarm set him ek yn foar de East-Fryske identiteit en kultuer yn in globalisearjende wrâld. Dêrneist komt it Friesisches Forum op foar it Eastfryske-plat en set him yn foar it Sealterfrysk.

Skiednis Yn jannewaris 1997 kaam it platfoarm byinoar. Yn febrewaris 1998 gong it platfoarm fierder as feriening.Hiemside Friesisches Forum

Yn de tiid fan de Fryske frijheid wienen de frije Friezen fan de Sân seelannen ferienige yn it Upstalsbeambûn en holden op de tiisdei nei Pinkster har jierlikse gearkomste by de Upstalsbeam. Yn 2004 hat it Friesisches Forum foar de earste kear in gearkomste by de Upstalbeam organisearre.13. Mai: Friesisches Treffen am Upstalsboom fan de webside fan de Friisk Foriining fan 5 maaie 2008 (sjoen op 6 maart 2010) De Ynterfryske Rie kaam earder ek al ynsidinteel gear by de Upstalsbeam, mar it Friesisches Forum organisearret struktureel alle jierren sûnt 2004 de Ynterfryske gearkomste op de tiisdei nei Pinkster, lykas de frije Friezen yn de midsiuwen.

Yn 2005 en 2006 kaam it Friesisches Forum yn East-Fryslân mei inisjativen om in diskusje oer in politike partij yn East-Fryslân fan 'e grûn te krijen.nijsgjirrich krystboadskip... (sjoen op 7 maart 2010) Dêrút is letter Die Friesen ûntstien. Die Friesen die yn jannewaris 2008 foar it earst mei oan de lândeiferkiezings yn Nedersaksen.

It Friesisches Forum is sûnt it begjin as feriening al tige warber foar it Sealterfrysk. Ynsidinteel organisearret it Friesisches Forum mei it Sealtersk Bûn in kursus Sealterfrysk. Op 19 febrewaris 2010 wie der in gearkomste yn Ostrhauderfehn oer it oanbieden fan kursussen Sealterfrysk op Edufrysk, in projekt fan de Afûk.Friesisch lernen mit interaktivem Sprachkurs (sjoen op 7 maart 2010)Vielleicht lernt man Saterfriesisch bald über das Internet (sjoen op 7 maart 2010)

Keppeling om utens Facebookside

Kategory:Eastfryske organisaasje Kategory:Dútske kulturele organisaasje Kategory:Dútske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1997