Mikola Havrilovitsj Sjmatko (Oekraynsk: Микола Гаврилович Шматько, sekuere transliteraasje: Mikola Havrilovič Šmaťko; Donjetsk, de Oekraïne, 17 augustus 1943 - Perejaslaw yn Oblast Kiev, 15 septimber 2020) wie in byldhouwer en keunstner út de Oekraïne. thumb|Sjmatko mei it moarmerbyld fan Jûlija Timosjenko Sjmatko waard mei 33 jier byldhouwer. Hy hat twa soannen dy't him wol ris helpe. Mei-inoar hawwe se in gallery mei de namme Shmatko & Sons. Yn de gallery steane mear as 70 bylden, makke mei moarmer út it Oeral berchtme en Itaalje. Dêrneist is der in kolleksje fan 300 keunstwurken (skilderingen en tekeningen).
De ynspiraasje foar it meitsjen fan syn moarmerbylden hellet er út de Europeeske keunst en kultuer.
Utstallings 1985-1991: galery "Shmatko & Sons", Bolhrad, Odessa 1991-2003: galery "Shmatko & Sons", Krasnyi Luch, Lûhansk 1992: Luhansk 1993: Kiëv 2000: Moscow Institute of "Universal Civilizations", Moskou 1985-1991: galery "Shmatko & Sons", Bolhrad, Odessa 2003: Donetsk 2003-2004: galery "Shmatko & Sons", Donetsk 2004-2010: galery "Shmatko & Sons", Lûhansk 2007: Biennale 2007, Florâns, Italië, 4e plak foar byldhouwurk en ynstallaasje 2009: Biennale 2009', Florâns, Italië 2012: Art Monaco 2012, Monako, Frankryk
Keppeling om utens Hiemside fan Mikola Sjmatko Offisjele webside fan prinsesse Basmah bint Saud, mei in byld dat Sjmatko fan har makke hat
Kategory:Oekraynsk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn 1943 Kategory:Persoan stoarn yn 2020