Wilhelmine Siefkes (Lier, 4 jannewaris 1890 - dêre, 28 augustus 1984) is in Eastfrysk skriuwster. Siefkes wie teffens oersetter fan Frysk en Nederlânsk literêr wurk.
Se publisearre gedichten, ferhalen en toanielstikken yn Plat- en Heechdútsk oer Eastfryske miljeus. Har Keerlke is troch Ypk fan der Veer yn it Frysk oersetten as It wurdt skielk wer simmer.
Libben en wurk
Siefkes gie yn Leer nei it gymnasium en wist doe al dat se it ûnderwiis yn woe. Har earste skoalle wie dy fan Jemgum yn 1910. As jong ûnderwizeresse rekke hja bekend mei it Nedersaksysk en begûn hja mei de skriuwerij. Sûnt 1917 wie Siefkes ferbûn oan in skoalle yn Leer en waard sy sosjaaldemokraat, mei om't de earmoed fan guon skoalbern har in ôfgriis wie.
Yn 1933 krige sy dien fan de Nasjonaalsosjalisten en krige boppedat in skriuwferbod dat oant 1945 duorre hat. Dochs gie hja troch mei it skriuwen fan mearkes, mar no ûnder de skûlnamme Wilmke Anners. Under oaren út protest tsjin evangelyske dûmny's dy't it Nazirezjym stipen gie hja yn 1933 út de Evangelysk Lutherske Tsjerke en waard Mennist (oant har dea). Yn 1940 krige hja de Fehrs-Preis foar har ûnder skûlnamme ynstjoerde Keerlke-manuskript.
Nei de oarloch nimt sy har wurk as ûnderwizer net wer op, mar de skriuwerij komt ta bloei nei 1949. Yn 1952 ferskynt in roman yn it Heechdútsk Kasjen und Amke, dêr'hja it libben fan in feanboerinne yn tekenet. Fan 1949 oant 1970 skriuwt hja romans, gedichten, ferhalen en harkspullen. Siefkes hie fral belangstelling foar it yndividu. In hieltyd weromkommend tema yn har wurk binne de eksistinsjele swierrichheden dy't bern en jongerein ûnderfine kinne.
Wurk (kar út) thumb|right|260px|Stânbyld fan Siefkes Romanfiguer "Keerlke" yn Leer. Romans
Uda von der Mölen (1920) Keerlke (1941) Kasjen und Amke (1952) Van de Padd of (1961) Uwe aus Leer (1959)
Ferhalen
Hör eenzig eegen (1922) Rena im Königsmoor (1955) Uke setzt sich durch (1957)
Mearkes
Dor was ins mol (1923; 1965)
Lyryk
Tüschen Saat un Seise (1961)
Keppeling om utens Biografy op it webstee fan Leer - mei ôfbyld
Kategory:Eastfrysk skriuwer Kategory:Eastfrysk dichter Kategory:Eastfrysk oersetter Kategory:Dútsk romanskriuwer Kategory:Dútsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Dútsk dichter Kategory:Dútsk toanielskriuwer Kategory:Dútsk mearkeskriuwer Kategory:Dútsk oersetter Kategory:Skriuwer yn it Nederdútsk Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1984