thumb|J.B. Schuil Jouke Broer Schuil (Frjentsjer, 20 maart 1875 - Zandvoort, 24 oktober 1960) wie in Fryske berneboekeskriuwer, toanielskriuwer en toanielkritikus. Bekende wurken fan him binne De Katjangs en De AFC'ers.
Biografy Hy wie in soan fan komponist Martinus Schuil. Nei de hbs yn Harns giet Schuil it leger yn. Nei de Keninklike Militêre Akademy yn Breda wurdt Schuil offisier, earst yn Nederlânsk-Ynje en dêrnei yn Nederlân. Nei in oantal toanielstikken skreaun te hawwen beslút hy yn 1910 toanielresensint te wurden by it Haarlems Dagblad. Yn de Earste Wrâldoarloch wurdt er noch mobilisearre, mar yn 1917 jout hy syn funksje fan beropsoffisier op.
Hy wurdt troch syn famylje op it idee brocht om boeken skriuwen te gean en yn 1910 ferskynt syn earste jongesboek, Jan van Beek. Oant 1930 bliuwt Schuil skriuwen. Ek is er dan noch toanielresinsint, mar hjir hâldt er oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch mei op. J.B. Schuil ferstjert yn de âldens fan 85 jier yn 1960.
Bibliografy Jongesboeken
Titel Jier Yllustraasjes Opmerkingen Jan van Beek 1910 (2e printinge: 1917) Jan Sluyters De yllustraasje mei de nammen fan it 'Drievingerenverbond' is troch Schuil sels ûntwurpen; de yllustrators hawwe de namme 'Demosthenes' kennelijk by fersin weilittehn De Katjangs 1912 (2e printinge: 1915) O. Geerling De AFC'ers 1915 (2e printinge: 1916) O. Geerling De Artapappa's 1920 (2e printinge: 1920) O. Geerling Rob en de stroper van Tjot-Idi 1928 (2e printinge: 1932) Henri Pieck Sûnt de 3e printinge is de titel 'Rob en de stroper van Tjot-Idi', dêrfoar hiet it 'Doodverklaard' Hoe de Katjangs op de kostschool van Buikie kwamen 1930 (2e printinge: 1936) Titus Leeser Yn dit boek moetsje de haadpersoanen fan trije eardere boeken elkoar: Jan van Beek, De Katjangs en De AFC'ers.
Oar wurk
Titel Jier Opmerkingen Strijd 1894 Mesalliance 1906 Een gelovige 1906 Fatsoen 1909 Gelukkig getrouwd 1916 Ienakter Chaîne Anglaise 1916 Ienakter Dodenrit 1919 Ienakter Intermezzo 1920 Ienakter De Zedelijkheidsdictator || 1920 || |- | De voetbalmaniakken 1920
Keppeling om utens Jouke Broer Schuil yn de DBNL mei ûnder mear de folsleine tekst fan in tal fan syn boeken.
Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk teaterkritikus Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk teaterkritikus Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1960