Johannes Saeckma, (Kollum, 7 novimber 1572 - Ljouwert, 22 desimber 1636), wie in jurist en wenne yn it Minnemahûs, no Nije Doelen.
Libben en wurk Hy wie in soan fan Suffridus Saeckma en Fedkia a Ringia, mar syn heit stoar krekt nei syn berte en hy waard opbrocht by syn omke Eilardus Reinalda. Hy studearre yn Frjentsjer, Heidelberg en Basel, dêr't er de doktorstitel helle.
Saeckma wie abbekaat te Ljouwert, sekretaris fan de Admiraliteit yn Dokkum (1595), prokureur-generaal, riedshear oan it Hof (nov. 1595), ôffurdige nei de Steaten-Generaal foar Fryslân en kurator fan de Hegeskoalle (1626). Mei Thomas Herbaius joech er yn 1602 de Statuten, Ordonnantiën en Costumen van Friesland út. Harren oantekeningen waarden troch Ulrik Huber benutten. In soad brieven oan him binne bewarre.
Hy boaske 28 augustus 1603 oan Hylkia Boner, dochter fan de Ljouwerter stedsbestjoerder Johannes Boner. Syn soan Dirck (1610-166) wie ek in betûft jurist en riedshear fan it Hof, in oare soan, Suffridus Saeckma, waard abbekaat en grytman fan Dantumadiel.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Deputearre nei de Steaten-Generaal foar 1796 Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Kollum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1572 Kategory:Persoan stoarn yn 1636