New Skin for the Old Ceremony is it fjirde album fan de Kanadeeske poëet, skriuwer en sjonger Leonard Cohen. Op dit album nimt Cohen wat ôfstân fan de sobere, suver minimalistyske styl fan syn earste trije LP's. Foar it earst klinke de nûmers foller troch de mear folsleine arrangeminten dêr't fioelen, banjo's, mandolinen, slachwurk en blaasynstruminten yn te beharkjen binne. New Skin for the Old Ceremony ferskynde yn 1974 by Columbia Records, mei as produsint John Lissauer.
Spyllist Alle nûmers fan dit album binne skreaun troch Leonard Cohen. nû. titel doer1.Is This What You Wanted4:132.Chelsea Hotel #23:063.Lover Lover Lover3:194.Field Commander Cohen3:595.Why Don't You Try3:506.There Is a War2:597.A Singer Must Die3:178.I Tried to Leave You2:409.Who by Fire2:3310.Take This Longing4:0611.Leaving Green Sleeves2:38
Kategory:Muzikaal wurk fan Leonard Cohen Kategory:Album út 1974 Kategory:Folksmuzykalbum Kategory:Popalbum Kategory:Ingelsktalich album