Frederick Carlton (Carl) Lewis (Birmingham, Alabama, 1 july 1961) wie ien fan de meast suksesfolle atleten yn de atletyk. Hy hat ferskillende wrâldrekôrs op syn namme set. Hy wûn tsien olympyske medaljes (9 gouden) en tsien wrâldkampioenskipsmedaljes (8 gouden). Yn it jier 1999 hat it Ynternasjonaal Olympysk Kommittee him de titel Atleet fan de iuw jûn.

Kategory:Amerikaansk fierspringer Kategory:Amerikaansk sprinter Kategory:Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1961