Neist de 7 haadsûnden fan de katolike tradysje binne der ek sân tsjinhingers: de sân deugden, dy't besteane út de fjouwer kardinale deugden en de letter taheakke trije godlike of teologale deugden. Dat binne: Prudentia: ferstannigens, wiisheid Iustitia: rjochtfeardigens Temperantia: selsbehearsking, evenredigens Fortitudo: moed, trochsettingsfermogen Fides: leauwe, yn Latynske teksten faak omskreaun as pietas ('fromheid' Spes: Hope Caritas: neisteleafde, goeddiedichheid

In oare list jout dizze sân deugden: Castitas: keinens Temperantia: selsbehearsking, evenredigens Caritas: neisteleafde, goeddiedichheid Industria: iver, trochsettingsfermogen Patientia: geduld Humanitas: freonlikens, begrutsjen Humilitas: beskiedenheid

De sân deugden binne faak troch keunstners útbyld, ferneamd binne de sân deugden ôfbyld yn de freskos fan Giotto, tegearre mei de 7 haadsûnden, yn de Cappella Scrovegni yn Padua.

De Sân deugden spylje ek in wichtige rol yn de Decamerone fan de Italjaanske skriuwer Giovanni Boccaccio.

De fjouwer kardinale deugden datearje út de klassike âldheid.

Kategory:Kristlike etyk Kategory:Deugd