Hessel van der Wal (Wommels, 1938 - Bakkefean, 3 febrewaris 2012) wie in Fryske kabaretier en sjânsonnier. Hy studearre toskhielkunde en Nederlânsk yn Grins en wie freelance meiwurker by de RONO.

Van der Wal stapte al rillegau op Nederlânsktalich wurk oer. Hy skreau teksten foar ûnder oare kabaretier Fons Jansen en wurke mei oan it Kabaret Honoloeloe mei Rob van de Meeberg en Henk Alkema. Yn 1965 begûn hy de kabaretgroep Muzemauw. Tegearre mei Jetske Zijlstra rjochte hy it Frysktalige Tidewiis op. Bé Dijkmeijer wie ien fan syn begelieders op de piano. Hessel van der Wal wurke gear mei Clara Rullmann op de fleugel, oan it Frysk-Nederlânske Met Frisse Weemoed, op muzyk fan Martin van Dijk. It programma gie yn 2003 yn premiêre.

Yn febrewaris 2012 ferstoar Van der Wal yn de âldens fan 73 jier oan longkanker.

Diskografy Tussen hangen en wurgen (lp, 1982 ) Flotsam (lp, ?) De Beste fan Omrop Fryslân (CD, mei oaren, 1992 ) De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (CD, mei oaren, 1998 ) Sa (CD mei Martin van Dijk, 2000 ) Onbedekt (CD mei Martin van Dijk, Nederlânsktalich, 2002 )

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk kabaretier Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wommels Kategory:Persoan stoarn yn Bakkefean Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2012