Marijcke Tjipke Visser (Amsterdam, 10 novimber 1915 - 24 septimber 1999) wie in edelsmid en byldhouster.

Hja krige har oplieding oan it Ynstitút foar Keunstniverheids Underwiis yn Amsterdam en dêrnei yn Reading. Se krige les fan har heit Tjipke Visser yn houtfykjen en oare techniken.

Marijcke Visser wurke op it tichelfabryk yn Tegelen. Brûkte materialen binne sulver, ivoar, stien, albast en sjamotte. Har wurken besteane út bylden, wizerplaten, reliëfs en amtskeatlingen (Boalsert) en lytse gebrûksfoarwerpen.

Kategory:Nederlânsk sulversmid Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk houtfiker Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 1999