In moannenamme is in bynamme foar moanne fan in jier, meastentiids ferwizend nei in âlde agraryske oantsjutting. It binne meastentiids ekwifalinten fan Nederlânske nammen, mar wike ôf foar jannewaris, febrewaris en maaie.

It Westerske jier hat de folgjende moannen:

Moanne Tal dagen Neamd nei Moannenamme/bynamme jannewaris 31 De Romeinske god Janus foarmoanne febrewaris 28 of 29 De Etruskyske god Februus Selle (moanne), selle kin in foarm wêze fan 'soal = slyk, dridze' maart 31 De Romeinske god Mars Foarjiersmoanne april 30 aperire ( = 'iepenje' yn it Latyn) Gersmoanne maaie 31 De Romeinske goadinne Maia Bloeimoanne, Mariamoanne juny 30 De Romeinske goadinne Juno Simmermoanne july 31 De Romeinske diktator Julius Caesar Heamoanne augustus 31 De Romeinske princeps Imperator Caesar Augustus Rispmoanne septimber 30 Latyn foar sânde moanne Hjerstmoanne oktober 31 Latyn foar achtste moanne Wynmoanne novimber 30 Latyn foar njoggende moanne Slachtmoanne desimber 31 Latyn foar tsiende moanne Wintermoanne, Feestmoanne

Kategory:Jier Kategory:Tiid