thumb|Franca Treur, foto: Filip Naudts Franca Treur (Meliskerke, 23 juny 1979) is in Nederlânsk skriuwster en freelance sjoernaliste dy't wurket foar NRC Handelsblad en nrc.next.

Libben Treur waard grutbrocht yn Meliskerke yn Seelân, yn in bevindelijk grifformeard fermidden, en studearre Nederlânsk en literatuerwittenskip oan de Universiteit Leien.

Yn Leien waard hja lid fan de reformatoaryske studinteferiening Civitas Studiosorum in Fundamento Reformato, ek wol bekend as Panoplia. Sy begûn oan har leauwe te twifeljen nei in diskusje oer de fraach oft God him ek bemuoie soe mei de útkomst fan in spultsje Risk. Yn har stúdzje kaam hja yn oanrekking mei de Babyloanyske mytologyske ferhalen út it Enuma Elisj, mei it Gilgamesj-epos en ûntduts se de opfallende oerienkomsten tusken dy ferhalen en dy út de Bibel. Teffens rekke sy bekend mei it kritysk bibelûndersyk. Fan gefolgen ferlear hja lang om let har leauwe.

Ein 2010 waard bekend dat Column Film de filmrjochten fan Dorsvloer vol confetti kocht hat.‘Filmrechten boek Franca Treur verkocht’, PZC, 13 oktober 2010 De film draaide yn 2014 yn de bioskoop. Jannewaris 2014 waard har twadde roman útbrocht, De woongroep.

Publikaasjes Essay Maak iets van je leven! Maar wat? (2006)

Romans en ferhalen Dorsvloer vol confetti (2009; fiktive psychologyske roman oer in 12-jierrich famke dat begjin jierren njoggentich yn Seelân grutbrocht wurdt yn in strang grifformearde boerehúshâlding) De woongroep (jannewaris 2014) Ik zou maar nergens op rekenen, Siuwsk boekewikepresint 2015 X&Y (ferhalen), 2016 Hoor nu mijn stem (2017) Slapend rijk en andere verhalen (2018, ISBN 9789044636864, mei tekeningen fan Olivia Ettema, foar in part earder ferskynd op de achterside fan nrc.next. Regieaanwijzingen voor de liefde, roman (7 febrewaris 2019) De golf, novelle (earder as fúljeton ferskynd yn NRC Handelsblad, 2021)

Prizen Treur wûn yn 2006 mei Maak iets van je leven! Maar wat? in essaywedstriid dy't útskreaun waard troch Contrast Magazine en nrc.next, mei as tema Macht en onmacht. Yn 2010 wûn se de Selexyz debútpriis en de Zeeuwse Boekenprijs.‘Franca Treur wint Selexyz Debuutprijs’, nu.nl, 6 septimber 2010 Dorsvloer vol confetti waard mear as ien kear nominearre,‘Franca Treur weer genomineerd’, PZC, 17 septimber 2010 ûnder oaren foar de NS Publykspriis.‘Nominaties NS Publieksprijs 2010 bekend’, NS, 5 septimber 2010

Keppeling om utens Webstee Franca Treur Biografy

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1979