Henk van Woerden (Leiden, 6 desimber 1947 - Ann Arbor, 16 novimber 2005) wie in Súdafrikaansk en Nederlânsk skilder en skriuwer. Mei njoggen jier emigrearre Van Woerden mei syn âlden nei Kaapstêd yn Súd-Afrika. Hy gie yn maaie 1968 werom nei Europa. (I hardly existed at that stage. I had refused to register for national service, carried no "White" pass, paid no taxes, and in effect remained in South Africa illegally, which was the preferred state of affairs. — van Woerden oer it ferlitten fan Súd-Afrika)
Yn 1980 krige Van Woerden de Keninklike Subsydzje foar de Skilderkeunst takend. Hy wie as learaar ferbûn oan de AKI yn Ynskedee. Neist syn skilderwurk wie Van Woerden ek warber as skriuwer: hy skreau in trijelûk oer Súd-Afrika dat nasjonaal en ynternasjonaal in protte omtinken krige (Moenie kyk nie, Tikoes en Een mond vol glas). Yn 2003 krige Van Woerden de Frans Kellendonkpriis.
Yn 2005 stoar er mei 57 jier yn 'e sliep oan, nei alle wierskyn, in hertstilstân yn Ann Arbor (Michigan) dêr't er ek dosearre as Writer in Residence oan de Universiteit fan Michigan by de fakulteit Ingelske Letteren.
Yn 2006 krige er postúm De Gouden Uil, de wichtichste Belgyske literatuerpriis foar it boek Ultramarijn. Yn 2007 waard dat boek bekroane mei de Inktaap, de literêre jongereinpriis fan it Nederlânske taalgebiet.
Syn boeken binne yn mear as tsien talen oerset.
Bibliografy 1993 : Moenie kyk nie 1996 : Tikoes 1998 : Een mond vol glas 2002 : Notities van een luchtfietser 2005 : Ultramarijn
Keppeling om utens Webstee Henk van Woerden Biografy
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Súdafrikaansk keunstskilder Kategory:Súdafrikaansk romanskriuwer Kategory:Súdafrikaansk publisist Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2005