Departemint fan de Skelde en Maas wie de namme fan in departemint fan de Bataafske Republyk dat bestien hat fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Middelburch.
It omfieme, nei it opnij besjen fan de grûnwet yn 1798, likernôch it grûngebiet fan de eardere goaen Seelân (mar sûnder Siuwsk-Flaanderen), Hollân (besuden de Maas) en it westlik diel fan Bataafsk-Brabân.
By de opstelling fan it Steatsbewâld yn 1801 waard it departemint wer opheft en jilden de âlde grinzen fan de goaen op 'en nij: de departeminten Brabân, Hollân en Seelân waarden ynsteld.
Yndieling Boppe de ferskate steds- en doarpsbestjoeren bestie it departemint fan de Skelde en Maas ek út sân 'ringen'. In 'ring' wie in bestjoerlike laach dy't hjoed-de-dei tusken it gemeentlik en provinsjale nivo sitte soe. Ring Haadplak Ynwennertal (1798)Publicatien van de Bataafsche Republiek, 11. Juny 1795-30 Maaie 1806, Folume 3, s. 87 Ie Middelburch 32821 IIe Goes 30791 IIIe Sieriksee 30576 IVe Steenbergen 29947 Ve Breda 31574 VIe Doardt 31350 VIIe Brielle 30123
Keppeling om utens Kaart fan de Bataafske Republyk 1798-1801
Kategory:Bataafske Republyk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1798 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1801 Kategory:Skiednis fan Seelân Kategory:Skiednis fan Súd-Hollân Kategory:Skiednis fan Noard-Brabân