200px|rechts|thumb|Grigori Raspûtin
Grigori Jefimovitsj Raspûtin (Pokrovskoje, 22 jannewaris 1869 – Petrograd, 30 desimber 1916) wie in Russyske religieuze figuer en gebedsgenêzer.
Raspûtin krige bekendheid as pilgrim en waard letter in omstriden persoan oan it hof fan tsaar Nicolaas II.
Libben thumb|left|175px|Raspûtin mei syn bern op de pleats
Raspûtin kaam oarspronklik út in boerefamylje yn it distrikt Tjûmen yn Sibearje. Hy hie al betiid belangstelling foar religy en it kleasterlibben, mar keas der úteinlik foar om as pilgrim om te reizgjen.
Doe't Raspûtin yn 1904 yn Sint-Petersburch arrivearre, kaam er net fuortendaliks by de tsjarefamylje telâne; hy krige pas yn novimber 1905 foar it earst kontakt mei de famylje.Pim van der Meiden (1991) Twa jier letter waard er útnûge op it paleis. Syn oanwêzigens hie in kalmearjend effekt op de tsarevitsj Aleksej, dy't swier oan syn bloedsykte lijde.
Yn july 1914 waard Raspûtin by in oanslach mei in dolk midden yn it doarp swier ferwûne. Hy lei sa’n sân wiken yn it sikehûs en herstelde mar stadich. Neffens syn dochter Maria feroare er dêrnei en begûn er mear te drinken.Nelipa (2017)
Sûnt augustus 1915 ferbleau tsaar Nicolaas II oan it front, wylst de tsarina yn Petrograd in wichtige rol yn it bestjoer hie. Yn dy perioade krige Raspûtin benammen ynfloed op har en har direkte omjouwing. Omdat er him tsjin de oarloch útsprutsen hie, waard er troch guon as pro-Dútsk beskôge en troch de Russyske adel en troch in part fan de polityk as in gefaar sjoen.Pim van der Meiden (1991)
Raspûtin waard yn de nacht fan 29 op 30 desimber 1916 yn de kelder fan it paleis fermoarde troch in groepke gearspanners ûnder lieding fan prins Feliks Jûsûpov. Hy waard troch trije kûgels rekke: yn it liif, de rêch en it foarholle.Nelipa (2017) Syn lichem waard dêrnei mei in auto nei in rivier brocht en yn in wak smiten, dêr’t it pas twa dagen letter weromfûn waard. By it ûndersyk waard gjin gif oantroffen, mar alkohol.Nelipa (2017) It stoflik omskot waard letter yn opdracht fan de nije regearing opgroeven út de tún fan it paleis wei en kremaearre, sa't der neat mear oan him oantinken bliuwe soe.
Literatuer
Ton Jansen: De Balkan is geen oorlog waard! Raspoetin, Rusland en de Eerste Wereldoorlog. De moordaanslag van 12 juli 1914 (Utjouwerij Palladion, 2014) Pim van der Meiden (1991) Raspoetin en de val van het tsarenrijk. Amsterdam, De Bataafsche Leeuw; ISBN 9067072788 Nelipa, Margarita (2017) Killing Rasputin. The Murder That Ended the Russian Empire Edvard Radzinski: Raspoetin; de bezeten monnik (Utjouwerij Balans, 2001)
Referinsjes
Kategory:Russysk mûnts Kategory:Kristlik mystikus Kategory:Russysk misdieslachtoffer Kategory:Moardslachtoffer Kategory:Persoan berne yn 1869 Kategory:Persoan stoarn yn 1916