Moermansk (Russysk: Мурманск) is in stêd oan 'e Moermankust fan 'e Barentssee yn it noardwesten fan 'e Russyske Federaasje. Moermansk is de haadstêd fan 'e bestjoerlike regio, de oblast Moermansk.
Moermansk hat 279.064 (2022) ynwenners en is de grutste stêd boppe de poalsirkel. Moermansk leit op it Kola-skiereilân en is in wichtige marinebasis. Dit komt omdat de haven it hiele jier troch frij fan iis bliuwt troch de waarme(re) Golfstream.
It klimaat yn Moermansk is subarktysk en stiet bekend om de lange en strange winters. Strange froast is gjin útsûndering en snie is der yn in grut part fan it jier. Winterdeis is de sinne wikenlang net boppe de horison te sjen. Simmerdeis dêrfoar oer is it deiljocht 24 oeren oanwêzich.
Moermansk is ek ien fan 'e bêste plakken yn Ruslân om winterdeis it poalljocht te sjen. Bûten de beboude kom begjint fuortendaliks de rûge natuer fan 'e tûndra.
Skiednis Moermansk is de lêste stêd dy't stifte waard yn 'e tiid fan it Russyske Keizerryk. Yn 1915, yn 'e Earste Wrâldkriich, late it ferlet fan in iisfrije lokaasje oan 'e Moermankust yn it Russyske Poalgebiet ta de oanlis fan it noardlike diel fan 'e Kirov-spoarwei: in spoar fan Petrosavodsk nei in einstasjon, dêr't de mei Ruslân ferbûne machten militêr materiaal hinne stjoere koene. It einstasjon waard bekend as it stasjon Moermansk en krige al gau in haven, in marinebasis en in oanswettende delsetting mei in ynwennertal dat fluch groeie soe en al gau de neistlizzende stêden Aleksandrovsk en Kola foarbygroeide. thumb|left|It lizzen fan 'e earste stien fan 'e Sint-Nikolaastsjerke yn 1916. Op 29 juny (Juliaanske kalinder: 12 july) 1916 tsjinne de Russyske minister fan Ferfier, Aleksander Trepov, in fersyk yn om de nije delsetting stedsrjochten te jaan. Op 6 july (Juliaanske kalinder: 19 july) 1916 waard it fersyk goedkard en krige it plak de namme "Romanov oan 'e Moerman" (Рома́нов-на-Му́рмане, Romanov-na-Murmane), ferneamd nei de Russyske keizerlike dynasty, de Romanovs. Op 21 septimber (Juliaanske kalinder: 4 oktober) 1916 fûn de offisjele seremoanje plak, en dy datum jildt no as de offisjele stiftingsdatum fan 'e stêd. Nei de Febrewarisrevolúsje fan maart 1917 krige de stêd op 3 april (Juliaanske kalinder: 16 april) 1917 har hjoeddeiske namme.
Yn 'e winter fan 1917 hie it British North Russia Squadron ûnder lieding fan fise-admiraal Thomas Kemp de basis yn Moermansk. Fan 1918 oant 1920, yn 'e Russyske Boargeroarloch, waard de stêd troch de westlike mogendheden beset dy't yn 'e Earste Wrâldkriich noch ferbûn wiene mei Ruslân. Pas op 13 maart 1920 slagge it Reade Leger der yn de stêd werom te feroverjen. Dútslân krige fan 1922 oant 1941 tasizzings foar it brûken fan 'e haven, dy't hja de Norwegenhafen neamden, foar it ferfier fan guod en grûnstoffen.
Moermansk waard yn 1918 de haadstêd fan it nije gûvernemint Moermansk. Nei de opheffing dêrfan yn 1927 waard de Okrûg Moermansk yn 'e oblast Leningrad stifte en yn 1938 de oant hjoed-de-dei noch besteande oblast Moermansk. thumb|left|It ferneatige Moermansk yn 1924. Yn 'e Twadde Wrâldkriich setten Dútske en Finske troepen fanôf Finsk grûngebiet de oanfal yn op Moermansk. Yn 'e iere simmer fan 1914 begûn de Operaasje Silberfuchs mei as doel Moermansk en syn haven te feroverjen. Dêrmei soe de ferbining mei de Barentsee en tagelyk de Noarske See ôfsnien wurde. Moermansk wie foar de Sovjet-Uny de ferbining mei de Westerske wrâld en poalkonvoaien brochten grutte hoemannichten guod, lykas militêr materieel en grûnstoffen. De Dútske striidkrêften wiene lykwols te swak, sadat de Dútsers der net yn slaggen om troch de bittere ferdigening fan it Reade Leger hinne te brekken. In ekstra belesting dêrby wiene de tige strange waarsomstannichheden. Moermansk hie lykwols te lijen ûnder swiere Dútske bombardeminten en allinnich Stalingrad waard noch slimmer troch de Dútske Luftwaffe bombardearre. By de stêd lei it kriichsfinzenenkamp 363 foar Dútske kriichsfinzenen. Op 6 maaie 1985 waard it ferset fan 'e stêd by it 40-jierrich jubileum fan 'e oerwinning op Nazy-Dútslân betocht mei de offisjele beneaming fan Moermansk ta Heldestêd.
Yn 'e Kâlde Oarloch wie Moermansk in sintrum foar Sovjet-dûkboat- en iisbrekkersaktiviteiten. Sûnt it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny yn desimber 1991 binne de deunbylizzende stêd en marinebasis Severomorsk it haadkertier bleaun fan de Russyske Noardlike Float.
Op 1 jannewaris 2015 waard it stedsje Rosljakovo by Moermansk yndield, dat earder ûnder it bestjoer foel fan 'e sletten bestjoerlik-territoriale ienheid Severomorsk.
Stedsyndieling It oerflak fan 'e stêd is 168,14 km². De stêd is ferdield yn trije bestjoerlik ienheden (okrûgs):
Leninsky (Ленинский - Lenin) Oktjabrsky (Октябрьский - Oktober) Perjomaysky (Первомайский - Earst Maaie)
It besjen wurdich 260px|thumb|Sintrum Moermansk It 35,5 m hege Aljosja-monumint op in sokkel fan 7 m heech fan in Sovjet-soldaat betinkt de ferdigeners fan Moermansk yn 'e Twadde Wrâldkriich. Foar it byld oer leit it grêf fan in ûnbekende soldaat. It byld is makke fan beton en 35 meter heech. It waard yn 1974 boud.
Musea Regionaal Keunst Museum Lokaal histoarysk Museum (iepene yn 1926) Maritym Museum fan 'e Noardske Float Museum fan 'e Moermansk-rederij De atoom-iisbrekker Lenin, it earste nukleêre skip fan 'e wrâld
Satellytfoto fan Moermansk by Google Maps British North Russian Expeditionary Force 1918–1919 (based at Murmansk)
Kategory:Plak yn Moermansk (oblast) Kategory:Plak stifte yn 1916