Egmond aan Zee (yn it spraakgebrûk faak Egmond oan See neamd) is in baaiplak yn 'e gemeente Bergen, yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. Yn it doarp wurdt fanâlds it Egmondsk sprutsen, dat in Westfrysk dialekt is, hoewol't it omlizzende gebiet ta it Kennemerlânske dialektgebiet heart. It doarp wurdt troch de bewenners Derp neamd en de bewenners wurde Derpers neamd.
Skiednis Yn it jier 977 soe efter de dunen it doarp ûntstien wêze. Neffens it ferhaal boude immen mei de namme Walgerus, in heareboer út Egmond-Binnen, tsien huzen foar earme húshâldings. Dy mochten dêr fergees wenje en krigen it rjocht om op see te fiskjen, op betingst dat se tsien persint fan harren fangst ôfstean soene oan 'e Abdij fan Egmond yn Egmond-Binnen. Walgerus soe ek in tsjerkje stifte hawwe ta eare fan 'e hillige Agnes. thumb|left|Fiskersboaten op it strân by Egmond aan Zee (1891). <small>Willem Toussaint (1865-1929) Egmond oan See ûntjoech him dêrnei ta in echt fiskersdoarp. Om it jier 1400 hinne ûntstie dêr de saneamde pink, in lytse platboaiem fan likernôch 5,5 by 2,5 meter. It skip wie oernaadsk boud en hie in folslein platte boaiem, sadat it op rollen fan 'e skipsskuorre nei it strân ferfierd wurde koe.
Mei't dielen fan 'e kust troch de see ôfslein waarden, gyng in part fan it doarp ferlern. By de Alderheljenfloed fan 1 novimber 1570 waarden fyftich huzen troch de see ferswolge. By in swiere stoarm yn novimber 1741 ferdwûnen nochris 36 huzen en de tsjerke mei toer yn 'e see.
Egmond oan See wie oant 1 july 1978 in selsstannige gemeente. Op dy datum waard it doarp mei de gemeente Egmond-Binnen gearfoege ta de gemeente Egmond. Op 1 jannewaris 2001 fusearre Egmond mei de gemeenten Skoarl en Bergen ta de hjoeddeiske gemeente Bergen.
Taal en religy thumb|left|Sint-Agnestsjerke. It dialekt fan Egmond oan See, it Egmondsk of Derpsk, wurdt rekkene ta it Westfrysk en heart ta de meast ôfwikende subdialekten dêrfan.
De Aldkatolike Tsjerke is it grutste tsjerkegenoatskip yn Egmond aan Zee. De parochy fan 'e hillige Agnes heart ta de grutste âldkatolike parochys fan Nederlân.
Rêdingsbrigade De Egmondske rêdingsbrigade is oprjochte om swimmers yn need en slachtoffers fan ûngemakken op it strân fan Egmond te helpen. De brigade jout praktyske help oan minsken dy't dat nedich hawwe en besiket ûngemakken sa folle mooglik te foarkommen troch previntyf te hanneljen.
Kategory:Plak yn Bergen (Noard-Hollân)