It Departement fan de Delf bestie fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Delft.

It departemint wie in diel fan de Bataafske Republyk en omfieme likernôch it midden fan it eardere goa Hollân en in lyts part fan it eardere goa Utert. Yn i noarden waard it begrinzge troch de Alde Ryn en yn it suden troch de Waal en de Nije Maas.

By it oantreden fan it Steatsbewâld yn 1801 waard it departemint wer opheft en waarden de âlde grinzen wer oanhâlden; it departemint fan de Delf kaam foar it grutste part by it Departemint Hollân, it meast eastlike diel kaam werom by Utert.

Keppeling om utens Kaart fan de Bataafske Republyk 1798-1801

Kategory:Bataafske Republyk Kategory:Skiednis fan Súd-Hollân Kategory:Skiednis fan Utert (provinsje) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1798 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1801