Buren is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, mei ynwenners (, boarne: CBS) en mei in oerflak fan 142,93 km² (dêrfan 8,27 km² wetter). De gemeente komt fuort út 'e eardere gemeente mei deselde namme, dy't oant 1978 inkeld út 'e stêd Buren en de doarpen Asch en Erichem bestie. Op 1 jannewaris 1978 waard Buren lykwols gearfoege mei de buorgemeenten Beusichem en Zoelen, mei dêropta in part fan Buurmalsen. De hjoeddeistige gemeente is ûntstien op 1 jannewaris 1999, doe't Buren fúsearre mei de gemeenten Lienden en Maurik. Sûnt dy tiid stiet it gemeentehûs net mear yn Buren, mar yn Maurik.

Lizzing De gemeente leit yn it súdwesten fan de provinsje Gelderlân, yn de streek Neder-Betuwe. De geeente wurdt omsletten troch de pleatslike wichtige plakken lykas Tiel, Geldermalsen, Culemborg, Wyk by Duerstêd en Rhenen.

Plakken + Gemeente Buren Plaknamme Ynwennertal2021 Asch 395 Beusichem 3.380 Buren 2.620 Buurmalsen 2.620 Eck en Wiel 1.620 Erichem 510 Ingen 2.240 Kapel-Avezaath 185 Kerk-Avezaath 1.375 Lienden 5.810 Maurik 4.580 Ommeren 715 Ravenswaaij 645 Rijswijk 525 Zoelen 1.715 Zoelmond 555

Keppeling om utens Offisjele webside

Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1999