It Servysk is ien fan de standertfarianten fan it Servokroatysk, it heart ta de súdlike groep fan de Slavyske talen. Servysk wurdt it meast sprutsen yn Servje, Bosnje en Herzegovina, Montenegro en Kroaasje. It is de offisjele taal fan Servje en Bosnje en Herzegovina en is in erkende taal yn Montenegro, Kroaasje, Roemeenje, Masedoanje, Bulgarije en Hongarije.
De Servyske standerttaal is basearre op in Neostokavysk dialekt. Yn it súdeasten fan Servje wurdt ek Torlakysk sprutsen, wat as in soarte fan Servysk-Bulgaarsk grinsdialekt sjoen wurde kin.
Alfabet Yn it Servysk wurdt sawol gebrûk makke fan it Latynske alfabet as it Sirillyske alfabet.
Sirillyske alfabetLatynske alfabetА аA aБ бB bВ вV vГ гG gД дD dЂ ђĐ đЕ еE eЖ жŽ žЗ зZ zИ иI iSirillyske alfabetLatynske alfabetЈ јJ jК кK kЛ лL lЉ љLj ljМ мM mН нN nЊ њNj njО оO oП пP pР рR rSirillyske alfabetLatynske alfabetС сS sТ тT tЋ ћĆ ćУ уU uФ фF fХ хH hЦ цC cЧ чČ čЏ џDž džШ шŠ š
thumb|left|250px|Yn it giel it gebiet wêr't it Servysk in soad sprutsen wurdt.
Kategory:Slavyske talen Kategory:Serven Kategory:Taal yn Servje Kategory:Taal yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Taal yn Grikelân Kategory:Taal yn Kosovo Kategory:Taal yn Kroaasje Kategory:Taal yn Montenegro Kategory:Taal yn Noard-Masedoanje Kategory:Taal yn de Oekraïne Kategory:Taal yn Roemeenje Kategory:Taal yn Sloveenje