thumb|right|Strabo André Thevet (1516-1592) thumb|right|Jeropa neffens Strabo.

Strabo (Aldgryksk: Στράβων, Strabon) (Amasya (Turkije), 64 of 63 f.Kr. - 24 n.Kr.) wie in Gryksk histoarikus, geograaf en filosoof.

Hy skreau in mânske universele skiednis, dy't útein set dêr't in foargonger fan him Polybius ophâlde. Dat wurk is lykwols ferlern gongen; wat wol beware bleaun is, is syn Geografika, in rike en - betreklik - betroubere boarne fan kennis oer in protte Jeropeeske, Aziatyske en Afrikaanske folken út syn tiid, dêr't hy de meast nijsgjirrige feiten fan fermeld, mei sydlingse opmerkings oer skiednis, wiskunde en genêskunde. Ek al hied er de lannen dy't er bekreau sels net besocht, hy wie wol op de hichte fan goed en betrouber boarnemateriaal.

Strabo skriuwt yn in noflik koinè-Gryksk.

Sjoch ek Geografika

Keppeling om utens J. Lendering, art. Greek scientists, Livius.org, 2005. Strabo the Geographer, 2005.

Kategory:Aldgryksk geograaf Kategory:Aldgryksk skiedkundige Kategory:Aldgryksk filosoof Kategory:Aldgryksk skriuwer Kategory:Aldgryksk persoan út de Pontus Kategory:Gryksk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan berne yn 64 f.Kr. Kategory:Persoan berne yn 63 f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn 24