thumb|Fernand Khnopff, Wie zal mij redden?, 1891 thumb|Gustav Klimt thumb|right|300px|De Kunst / De liefkozingen, 1896 van Fernand Khnopff alt=De top, de keninginne fan it iis, 1912, in symbolistysk wurk fan Cesare Saccaggi út Tortona.|thumb|298x298px|De top, de keninginne fan it iis, 1912, in symbolistysk wurk fan Cesare Saccaggi út Tortona. It symbolisme wie in út Frankryk ôfkomstige streaming yn de byldzjende keunst en de literateur dy't yn it fin de siècle furoare makke. De streaming kaam om-ende-by 1880 op as reaksje op it ympresjonisme en ek op it sosjaal-ekonomysk realisme.
De namme foar de beweging komt fan Jean Moréas, dy't yn 1886 syn Symbolisch Manifest ferskine liet yn de Paryske Figaro (dêr't hy Charles Baudelaire yn oanwiisde as grutte foarheit fan de beweging) en dêrtroch in namme joech oan de beweging dy't op dat stuit al in tal jierren oan it útkommen wie.
Yn it symbolisme kaam it derop del oan it keunstwurk in subjektive sizzenskrêft te jaan rûn de minsklike figuer, yn in riedseleftige-magyske gearhing fan erotyk en dea. Betiden waard de frou foarsteld as de folsleine belicheming fan skjinnens en seksualiteit. Mytologyske en histoaryske foarstellings waarden brûkt by in fantastyske sfearskepping.
Symbolistyske skilderingen Foarbylden fan symbolistyske skilderijen binne: De Stoarm, 1893 fan Edvard Munch De griene dea, 1905 fan Odilon Redon Tobbende frou, 1904 fan Pablo Picasso Hoop, 1907-1908 fan Gustav Klimt De beproevings van de Heilige Antonius, 1887 van James Ensor IJzeren bruggen bij Asnières, 1887 fan Émile Bernard
Symbolistyske byldhouwurken Foarbylden fan symbolistyske byldhouwurken binne: De ferleare soan, 1896, plaster George Minne Homme et femme agenouillés, granyt George Minne Jehannes de Doper, 1895, gips George Minne De lytske knibbele, moarmer 47,5 cm George Minne De knapenfontein of Fontein fan knibbelden'' George Minne
Skaaimerken It symbolisme wurdt karakterisearre troch emoasje, opskodding, heimsinnigens, perversiteit, esoterysk, spiritualisme. Symbolisten Nederlân Jan Toorop Antoon Derkinderen Johan Thorn-Prikker Willem Adriaan van Konijnenburg Richard Roland Holst Willem Wiegmans
Frankryk Paul Gauguin Gustave Moreau Odilon Redon Pierre Puvis de Chavannes Charles Baudelaire
Dútslân Franz von Stuck thumb|300px|Beurs van Berlage Café; tegeltableau "It Ferline" (1903), Jan Toorop
Belgje Fernand Khnopff Jean Delville Constant Montald Xavier Mellery Leon Spilliaert William Degouve de Nuncques Emile Fabry Felix de Boeck Jan Frans De Boever Henry de Groux Charles Doudelet Georges Rodenbach George Minne Constantin Meunier James Ensor Finlân Hugo Simberg
Ingelân Walter Crane
Switserlân Arnold Böcklin
Sjoch ek Jugendstil
Kategory:Byldzjende keunst Kategory:Literêre streaming Kategory:Moderne literatuer