250px|thumb|Jens Juel, selsportret (1766)
Jens Jørgensen Juel (Balslev op Funen; 12 maaie 1745 - Kopenhagen, 27 desimber 1802) wie in Deensk keunstskilder.
Jens Juel waard learling fan Johann Michael Gehrman yn Hamburch, gie dêrnei nei de Keninklike Deenske Keunstakademy yn Kopenhagen, dêr't er, nei in seisjierrich ferbliuw yn Itaalje en Switserlân, hofskilder, lid, dan professer en úteinlik direkteur waard.
Jens skildere karakteristyk opsette portretten yn noflik oandwaande kleuren, dêr't in hast libbensgrut ôfbyld fan de kopergraveur Clemens, Klopstock en Kristian VII fan Denemark ûnder binne. Fierders skildere er ek lânskippen en sjenrestikken.
Ta syn learlingen hearden de Dútske skilder Caspar David Friedrich (1794-98) en Philipp Otto Runge (1799-1801).
Reizen Jens Juel makke reizen nei: 1764 Hamburch 1765 Fún 1772 Itaalje 1772-1773 Hamburch 1774 Dresden 1774-1776 Rome 1776 Rome 1776 Parys 1777 Switserlân 1779 Kassel 1779 Hamburch
Wurk In kar:
Kategory:Deensk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1745 Kategory:Persoan stoarn yn 1802