thumb|right|250px|De Boppewynske Eilannen.
De Boppewynske Eilannen binne in groep eilannen yn de Karibyske See. Dizze eilannen binne part fan de Lytse Antillen. De Boppewynske Eilannen lizze fan Porto Riko oant de kust fan Fenezuëla. Ta dizze groep eilannen hearre ek de Nederlânske SSS-eilannen, Saba, Sint-Eustasius en Sint-Marten. De namme is in ferwizing nei de lizzing fan de eilannen yn fergelyk mei de hearskjende noardeastlike passaatwinen.
Oersjoch De Famme-eilannen Anguilla SSS-eilannen Sint-Marten Saba Sint-Eustasius Sint-Bartelemy Antigua Barbuda Sint-Kits NevisMontserrat Guadelûp Dominika Martinyk Sint-Lusia Barbados Sint-Finsint de Grenadines Grenada Trinidad Tobago
thumb|right|250px|De 'Ingelske' Leeward Islands.
Betizing Yn it Ingelske taalgebiet is de definysje fan de Boppewynske Eilannen oars as yn in soad oare talen. Dêr wurdt de skieding fan de Boppewynske Eilannen net sa as it meast bart by Fenezuëla makke, mar tusken Dominika en Martinyk. Boppedat binne de nammen yn it Ingelsk oars, de eilannen fan Porto Riko oant en mei Dominika wurde de Leeward Islands neamd, dy’t dêrûnder de Windward Islands. Om de betizing noch grutter te meitsjen wurde de Nederlânske Boppewynske Eilannen, dy’t neffens de Ingelske yndieling by de Leeward Islands hearre, yn it lokale Ingelsk de Windward Islands neamd.
Sjoch ek Underwynske Eilannen
Kategory:Eilân yn it Karibysk Gebiet