Skiedambygelyks neamt as "Skiedam" yn Grutske Weduwe smyt de lapen gear mei Boomsma, op Omrop Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Schiedam) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op wennen der minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.
Skiednis thumb|left|250px|Alde kaart fan Skiedam. Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamme om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.
Yn 1275 krige Skiedam stedsrjochten fan Aleida van Avesnes, de suster fan Willem II fan Hollân.
De achttjinde iuw wie de Gouden Iuw foar Skiedam fanwegen it opkommen fan de Skiedamske jeneverstokerij. Ut ferskate stokerijen en destillearderijen wei waard de Skiedamske jenever oer gâns de wrâld eksportearre. Troch de jeneveryndustry krige Skiedam de bynammen "Swart Nazaret". Hjoed-de-dei is dy berdiuwstûke foar it grutste part ferdwùn, dochs bepale seis mûnen noch hieltyd it stedsbyld: De Walvisch, De Drie Koornbloemen, De Vrijheid,De Noord, De Palmboom, de yn 2008 boude Noletmolen en de yn 2011 fannijs boude mûne De Kameel, ien fan de heechste mûnen yn 'e wrâld. Ek docht in grut tal fan de eardere stokerijen weromtinken oan de stokerstriid. Yn ien fan dy stokerijen is sûnt 1996 it Jenevermuseum yn fêstige.
Op 4 maaie 1976 kaam Skiedam yn it nijs omreden de Treinramp by Skiedam.
Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.
Populaasje Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983Tal ynwenners, wenningen en de trochstringse wenningbesetting, 1983 t/m 200, Gemeente Skiedam:
1983: 71.264 1985: 69.146 1990: 69.383 1995: 73.480 2000: 75.605 2001: 76.127 2002: 75.851 2003: 76.562 2004: 75.619 2006: 75.111 2007: 75.195 2008: 74.938 2021: 79.393
Wykyndieling
Skiedam bestiet út ferskate wenwyken: Bijdorp 's-Gravelandsepolder Groenoord Kethel Nieuw-Mathenesse Nieuwland Skiedam-East Skiedam-West Skiedam-Súd Spaanse Polder Spaland Stedssintrum WoudhoekEk binne der noch twa buorskippen: Kerkbuurt Windas
It besjen wurdich thumb|right|250px|It eardere stêdshûs fan Skiedam.
Museums It Steedlik Museum Skiedam It Jenevermuseum. Museummûne De Nieuwe Palmboom Nasjonale Koöperaasje Musem Skiedam
Monuminten Eardere stedshûs Grutte of Sint Janstsjerke De ruïne fan Hús te Riviere Lidwinabasilyk De grêften fan Skiedam Nôtbeurs Haventsjerke Histoarysk stêdsgesicht
Mûnen De Babbersmûne De Drie Koornbloemen De Kameel De Nolet De Noord De Palmboom De Vrijheid De Walvisch
Berne yn Skiedam thumb|right|250px|Inkelde fan de mûnen fan Skiedam, De Vrijheid en dêr efter De Noord.
Maarten Biesheuvel (23 maaie 1939 - 30 july 2020), skriuwer Ton van Duinhoven (12 maaie 1921 - 26 augustus 2010), sjoernalist, akteur en tekstskriuwer Martin Gaus (25 desimber 1944), honkballer, publisist en telefyzjemakker Herman Heinsbroek (12 jannewaris 1951), sakeman en politikus Danny Koevermans (1 novimber 1978), fuotballer Robert Maaskant (10 jannewaris 1969), fuotballer en fuotbaltrener Wim Meuldijk (8 juny 1922 - 27 desimber 2007), skriuwer en ûnder oare betinke fan Pipo de Clown Pieter van Vollenhoven (30 april 1939), man fan prinses Margriet John de Wolf (10 desimber 1962), fuotballer
Keppelings om utens Gemeenteargyf fan Skiedam Hiemside fan de Histoaryske Feriening Skiedam Steedlik Museum Skiedam Evenemintenside Skiedam
Kategory:Plak yn Skiedam Kategory:Gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1275