Maurice (of Joseph-Maurice) Ravel (Ciboure, 7 maart 1875 – Parys, 28 desimber 1937) wie in Fransk komponist, dy't oan syn memmekant fan Baskysk en oan heitekant fan Frânsk-Switsersk en Savoaisk komôf wie. Hy jildt as ien fan de wichtichste komponisten fan de 20e iuw en, mei syn âldere lânsman Claude Debussy, as de wichtichste ympresjonist yn de klassike muzyk, en as foarrinner/inisjator fan it ekspresjonisme yn de muzyk.
Wurk (kar út) Jeux d'eau, piano, 1901 Sonatine, piano, 1903 Miroirs, piano, 1904 Rhapsodie espagnole, orkest, 1907 L'Heure espagnole, opera, 1907–1909 Gaspard de la nuit, piano, 1908 Pavane pour une infante défunte, piano 1899, orkest 1910 Ma Mère l'Oye ("Moeder de Gans"), piano 1908–1910, ballet 1911 Le tombeau de Couperin, piano 1914–1917, orkest 1919 Valses nobles et sentimentales, piano 1911, orkest 1912 Daphnis et Chloé, ballet, 1909-1912 La Valse, goreografysk gedicht foar orkest, 1919-1920 Boléro, ballet, 1928 L'Enfant et les sortilèges, lyryske fantasy, 1919–1925 Tzigane foar fioele en orkest, 1924 Pianokonsert in D, foar de lofterhân, 1929–1930 Pianokonsert yn G, 1929–1931
Kategory:Frânsk komponist Kategory:Frânsk pianist Kategory:Frânsk ateïst Kategory:Frânsk persoan fan Baskysk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Frânsk-Switsersk komôf Kategory:Persoan fan Savoaisk komôf Kategory:Persoan berne yn 1875 Kategory:Persoan stoarn yn 1937