Bernardus Johannes (Bernard) Blommers (Den Haach, 30 jannewaris 1845 – dêre, 12 desimber 1914) wie in Nederlânske keunstskilder. Hy wie ien fan de jongere skilders út de Haachske Skoalle.

Biografy Bernard Blommers wie in learling fan Christoffel Bisschop. Oan de Haachske Akademy krige er ek ûnderrjocht fan Jacob Maris en foaral fan Jozef Israëls.

Hy wurke meast yn de omkriten fan Skeveningen en Katwyk en yn Noard-Brabân.

Hy skildere ek in part fan it Panorama Mesdag fan Hendrik Willem Mesdag.

Styl Blommers wie fral figuerskilder, hy skildere it fiskers- en strânlibben, it hat wol wat fan it wurk fan Isaac Israëls.

Galery

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Haachske skoalle Kategory:Persoan berne yn 1845 Kategory:Persoan stoarn yn 1914