Pibe Wouters of Pibo Gualtheri (Frjentsjer, ± 1580 - dêre?, 16??) wie in matematikus-lânmjitter. Hy studearre yn Frjentsjer (1597) en troude yn 1603 yn Ljouwert mei Tryntsje Harmensdr. en wie yn (1631) lânmjitter te Ljouwert.

In bekend wurk fan him wie in astrolabium út 1606 dy't te sjen is yn it Frysk Museum en in globebeker dy't yn it stêdhûs fan Frjentsjer bewarre wurdt.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk lânmjitter Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Frysk ynstrumintmakker Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1580 Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw