thumb|right|Portret fan Frédéric Mistral (troch Paul Saïn)

Frédéric Mistral (Maillane, 8 septimber 1830 - dêre, 25 maart 1914) wie in Frânsk skriuwer en winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1904, tegearre mei de Spaanske toanielskriuwer José Echegaray. Hy waard foaral bekend as pleiter foar- en ferdigener fan it Oksitaansk, in taal dy't yn Súd-Frankryk sprutsen wurdt.

Yn 1854 heart er ta de oprjochters fan de "Félibrige", in feriening fan skriuwers en dichters mei as doel it befoarderjen fan it Oksitaansk en de Provênsaalske kulturele identiteit. Syn freon Alphonse Daudet giet ek by dit genoatskip. It genoatskip bout netwurken mei skriuwers fan oare Europeeske regionale talen, fral it Katalaansk, dêr't it Oksitaansk nau mei besibbe is. It Oksitaansk makket ferfolgens in lytse renêssânse troch oant Frankryk de Frânsk-Dútske kriich ferlear en der nei de Kommune fan Parys ûnder de sterk sintralisearre Tredde Republyk gjin plak mear is foar regionale útsûnderings en Frânsk de noarm wurdt. thumb|right|Stânbyld fan Frédéric Mistral yn Arles.

Wurk Gedicht: Mireio, 1859

Dichtbondels Calendau, 1867 Lis isclo d'or (De gouden eilannen), 1875 Nerto, 1885 La Rèina Jano, 1890 Lou pouémo dóu Rose (It liet fan de Rhône), 1897

Wurdboek fan it Oksitaansk Lou tresor dou Félibrige, 1878

Opera "Mireille" fan Charles Gounod is basearre op Mireio.

Kategory:Frânsk dichter Kategory:Frânsk taalkundige Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Oksitaansk Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1914