Súdwest-Fryslân (Boalsertersk: Súdwest-Fryslaan, Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten, Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600, s. 66, 158, 172.; Hylpersk: Súdwest-Fryslaand, Hylper Wurdboek, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 055, s. 59, 161.; Snitsersk: Súdwest-Frysland; Starumersk: Súúdwest-Frysland) is in gemeente yn it westen en súdwesten fan 'e provinsje Fryslân. Dizze gemeente kaam op 1 jannewaris 2011 ta stân troch in fúzje fan 'e fiif eardere gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Yn 2014 waard Súdwest-Fryslân útwreide mei in diel fan 'e gemeente Boarnsterhim, en yn 2018 kaam sawat de helte fan Littenseradiel derby. Op hie Súdwest-Fryslân ynwenners (boarne:CBS). De gemeente beslacht in oerflak fan likernôch 910 km², wêrfan rûchwei 385 km² wetter.
Geografy De gemeente Súdwest-Fryslân leit yn it súdwesten en westen fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. It moat net betize wurde mei de Súdwesthoeke, dat in histoaryske lânstreek yn Fryslân is. Súdwest-Fryslân beslacht feitliks inkeld it westlike diel fan 'e Súdwesthoeke (it eastlike diel heart ta De Fryske Marren), en omfiemet dêropta ek noch in gebiet dat bûten de grinzen fan 'e Súdwesthoeke falt, ntl. it grutste part fan it eardere Wûnseradiel, de súdlike helte fan it eardere Littenseradiel en it eardere Raerderhim. Súdwest-Fryslân wurdt fan 2018 ôf begrinzge troch de gemeenten Harns en De Waadhoeke yn it noarden, Ljouwert en It Hearrenfean yn it easten en De Fryske Marren yn it súdeasten. Yn it noardwesten leit Súdwest-Fryslân oan 'e kust fan 'e Waadsee en yn it westen en suden oan 'e kust fan 'e Iselmar. thumb|left|250px|Topografyske kaart fan gemeente Súdwest-Fryslân.
Sûnt de tafoeging fan in diel fan it eardere Boarnsterhim, yn 2014, hie de gemeente in totaal oerflak fan 841,56 km², wêrfan 459,64 km² lân en 381,92 km² wetter. As allinnich nei lânoerflak sjoen wurdt, wie Súdwest-Fryslân dêrmei de grutste gemeente fan Nederlân, mar as wetteroerflak meirekkene wurdt, moat it de Noardeastpolder noch foargean litte.Een nieuwe gemeente, op de webside GemeenteSúdwestFryslân.nl, ynsjoen op 3 jannewaris 2011. Nei't heal Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 yn Súdwest-Fryslân opgien wie, krige de gemeente der noch 68,39 km² by,Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel. sadat it totaal doe útkaam op 909,95 km².
Plakken De gemeente Súdwest-Fryslân bestiet út 89 wenplakken, wêrûnder 6 fan de Fryske Alve Stêden, 3 flekken (Makkum, Molkwar en Wâldsein) en 80 doarpen. It haadplak is Snits, mar de gemeenterie hat syn sit yn Drylts. Yn 'e opsomming hjirûnder binne de stêden markearre mei in asterisk (*).
De plaknammen yn de dielen fan de eardere gemeenten Littenseradiel en Boarnsterhim en de plakken It Heidenskip yn Ysbrechtum ha de Fryske nammen as offisjele, fan alle oare plakken binne de Nederlânske namme offisjeel.
Doarpen, flekken en stêden +PlaknammeTal ynwenners ()Abbegea (Nederlânsk en offisjeel: Abbega) Aldegea (Nederlânsk en offisjeel: Oudega)AllingawierArumBlauhús (Nederlânsk en offisjeel: Blauwhuis)Boalsert* (Nederlânsk en offisjeel: Bolsward)BoazumBreesândyk (Nederlânsk en offisjeel: Breezanddijk)BritswertBurchwert (Nederlânsk en offisjeel: Burgwerd)DearsumDedzjum (Nederlânsk en offisjeel: Dedgum)Drylts* (Nederlânsk en offisjeel: IJlst)EastereinEasterwierrumEasthim (Nederlânsk en offisjeel: Oosthem)Eksmoarre (Nederlânsk en offisjeel: Exmorra)Ferwâlde (Nederlânsk en offisjeel: Ferwoude)Folsgeare (Nederlânsk en offisjeel: Folsgare)GaastDe Gaastmar (Nederlânsk en offisjeel: Gaastmeer)Gau (Nederlânsk en offisjeel: Gauw)Goaiïngea (Nederlânsk en offisjeel: Goënga)Greonterp Hartwert (Nederlânsk en offisjeel: Hartwerd)Heech (Nederlânsk en offisjeel: Heeg)It HeidenskipHichtumHidaardHieslumHylpen* (Hylpersk: Hielpen; Nederlânsk en offisjeel: Hindeloopen)Himmelum (Nederlânsk en offisjeel: Hemelum)HinnaardDe Hommerts (Nederlânsk en offisjeel: Hommerts)Idzegea (Nederlânsk en offisjeel: Idzega)IensYndyk (Nederlânsk en offisjeel: Indijk)Ypekolsgea (Nederlânsk en offisjeel: Ypecolsga)YsbrechtumItensJutryp (Nederlânsk en offisjeel: Jutrijp)Kimswert (Nederlânsk en offisjeel: Kimswerd)Koarnwert (Nederlânsk en offisjeel: Cornwerd)Koarnwertersân (Nederlânsk en offisjeel: Kornwerderzand)KoudumKûfurderrige (Nederlânsk en offisjeel: Koufurderrige)KûbaardLytsewierrumLoaiïngea (Nederlânsk en offisjeel: Loënga)LollumLongerhou (Nederlânsk en offisjeel: Longerhouw)MakkumMolkwar (Nederlânsk en offisjeel: Molkwerum)Nijhuzum (Nederlânsk en offisjeel: Nijhuizum)Nijlân (Nederlânsk en offisjeel: Nijland)Offenwier (Nederlâsnk en offisjeel: Offingawier)Parregea (Nederlânsk en offisjeel: Parrega)Penjum (Nederlânsk en offisjeel: Pingjum)PiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurd (Nederlânsk en offisjeel: Sandfirden)SibrandabuorrenSkearnegoutum (Nederlânsk en offisjeel: Scharnegoutum)Skettens (Nederlânsk en offisjeel: Schettens)Skraard (Nederlânsk en offisjeel: Schraard)Skuzum (Nederlânsk en offisjeel: Idsegahuizum)Smelbrêge (Nederlânsk en offisjeel: Smallebrugge)Snits* (Nederlânsk en offisjeel: Sneek)Starum* (Starumersk: Staveren; Nederlânsk en offisjeel: Stavoren)Surch (Nederlânsk en offisjeel: Zurich)TersoalTsjalhuzum (Nederlânsk en offisjeel: Tjalhuizum)Tsjerkwert (Nederlânsk en offisjeel: Tjerkwerd)Toppenhuzen (Nederlânsk en offisjeel: Oppenhuizen)Turns (Nederlânsk en offisjeel: Tirns)Twellingea (Nederlânsk en offisjeel: Uitwellingerga)WaaksensWâldsein (Nederlânsk en offisjeel: Woudsend)Warkum* (Nederlânsk en offisjeel: Workum)WarnsWesthim (Nederlânsk en offisjeel: Westhem)Wytmarsum (Nederlânsk en offisjeel: Witmarsum)WiuwertWolsumWommelsWûns (Nederlânsk en offisjeel: Wons)
Untstean De gemeente Súdwest-Fryslân is op 1 jannewaris 2011 ûntstien troch it gearfoegjen fan fiif gemeenten yn it suden en westen fan Fryslân. Dêrby gie it om 'e gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel. Twa dêrfan, Nijefurd en Wymbritseradiel, wiene yn 1984 fuortkommen út in eardere gemeentlike weryndieling. Oarspronklik wie it de bedoeling dat ek Gaasterlân-Sleat opgean soe yn Súdwest-Fryslân, mar dy gemeente heakke healwei it weryndielingsproses ôf en keas ynstee foar in fúzje mei Lemsterlân en Skarsterlân ta De Fryske Marren.
Yn oanrin nei de fúzje waard yn april 2009 yn 'e fiif gemeenten troch de gemeenterieden stimd oer de weryndieling. Yn de gemeenten Boalsert en Snits waard unanym foar de fúzje keazen, yn Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel wie allinnich de FNP tsjin.Vijf gemeenteraden in zuidwesthoek Fryslân stemmen overtuigend in met fusie, op 'e webside FusieSúdwestFryslân.nl, ynsjoen op 3 jannewaris 2011. Hjir kaam út dat 95% fan de riedsleden foar wiene. Neffens in ûndersyk yn 'e Ljouwerter Krante fan 16 jannewaris 2010 wie 54% fan de ûnderfrege boargers foar de weryndieling, mar it tal foarstanners lei yn 'e stêd Snits dúdlik in stik heger as op it omlizzende plattelân.Vooral Sneek voor fusie Zuidwesthoek, yn: de Ljouwerter Krante, 16 jannewaris 2010.
De nije gemeente keas as wurknamme foar 'Súdwest Fryslân' (sûnder keppelteken), as ferwizing nei de Súdwesthoeke. Dêrtsjin makke boargemaster Onno van Veldhuizen fan Hoarn yn desimber 2009 beswier út namme fan njoggen gemeenten yn 'e Noardhollânske lânstreek West-Fryslân om't dy namme foar betizing soargje soe. Dat beswier waard lykwols troch de fúzjegemeenten njonken har dellein.
Begjin 2010 rôpen de belutsen gemeentebestjoeren harren ynwenners op om mei te tinken oer de definitive namme fan 'e nije gemeente. Ut de ynstjoerings keazen de fiif gemeentebestjoeren elts in suggestje. Fjouwer fan 'e gemeenten skoden de wurknamme 'Súdwest Fryslân' foarút, wylst Snits graach utering jaan woe oan syn dominante posysje yn 'e nije gemeente troch de namme 'Sneek Súdwest Fryslân' oan te dragen. Dat lêste foarstel waard lykwols troch de oare gemeenten nei de foddekoer ferwiisd. Dêrnjonken wie der yn dyselde snuorje in aksjegroep aktyf dy't 'Súdwest Fryslân' as te keunstmjittich beskôge en leaver 'Súdwestergoa' seach, nei it histoaryske Fryske kertier Westergoa. Dit inisjatyf krige lykwols likemin foet oan 'e grûn. Sadwaande naam de nije gemeente op 31 maart 2011 offisjeel de namme 'Súdwest Fryslân' oan. Nei beswier fan 'e Fryske Akademy, dat dy stavering wier net koe, besleat de gemeenteried yn 'e gearkomste fan 26 maaie 2011 om 'e namme te wizigjen ta 'Súdwest-Fryslân' (mei keppelteken).Súdwest Fryslân heeft een streepje voor. yn it riedsferslach 26 maaie 2011, op 'e webside www.GmeenteSudwestFryslan.nl.
Op 1 jannewaris 2014 waard Súdwest-Fryslân útwreide mei in part fan de eardere gemeente Boarnsterhim, besteande út 'e doarpen Dearsum, Poppenwier, Raerd, Sibrandabuorren en Tersoal. Op 1 jannewaris 2018 folge in nije útwreiding mei in diel fan Littenseradiel, mei de doarpen Boazum, Britswert, Easterein, Easterwierrum, Hidaard, Hinnaard, Iens, Itens, Kûbaard, Lytsewierrum, Rien, Reahûs, Waaksens, Wiuwert en Wommels.
Demografy Neffens gegevens datearjend fan 30 april 2017 hie Súdwest-Fryslân doe in befolking fan 84.028 persoanen, wat soarge foar in befolkingstichtens fan 99,8 minsken de km². De fyftjin doarpen fan Littenseradiel dy't op 1 jannewaris 2018 by de gemeente foege waarden, hiene mei-inoar 5.546 ynwenners,Weryndielingsûntwerp Gemeenten Franekeradeel, Het Bildt, Leeuwarden, Littenseradiel, Menameradiel en Súdwest-Fryslân (definitive ferzje), oktober 2015, webside Gemeente Littenseradiel. sadat it totale ynwennertal fan Súdwest-Fryslân doe op 89.574 útkaam. Dêrmei sakke de befolkingstichtens nei 98,4 minsken de km².
Op 31 desimber 2018 hie Súdwest-Fryslân 89.715 ynwenners., Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
Wapens en flaggen
Wapens
Flaggen De plakken Abbegea, Breesândyk, Gau, Goaiïngea, It Heidenskip, Himmelum, Idzegea, Yndyk, Ypekolsgea, Kûfurderrige, Loaiïngea, Nijhuzum, Offenwier, Sânfurd, Smelbrêge, Tsjalhuzum, Toppenhuzen, Turns, Twellingea, Westhim en Wolsum ha gjin wapen of flagge.
Polityk Per 1 jannewaris 2018 folge Magda Berndsen fan D66 har partijgenoat Haijo Apotheker op as (waarnimmend) boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Mids july fan dat jier waard bekend dat âld-deputearre Jannewietske de Vries yn septimber oansteld wurde soe as (fêste) boargemaster. De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân bestiet út 37 sitten. Om't de súdwestlike helte fan Littenseradiel by de gemeente foege waard, fûnen der op 22 novimber 2017 (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings foar de gemeenterie fan Súdwest-Fryslân plak.
De útslach fan dy en lettere ferkiezings wie sa:
partijferkiezings 2017Utslaggen Ljouwerter Krante, 23 novimber 2017, s. 4. ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.stimmen% sittenstimmen%sitten CDA 8.735 27,7% 11 6.613 16,5% 7 PvdA 4.858 15,4% 6 8.073 20,1% 8 FNP 4.121 13,1% 5 5.648 14,1% 6 VVD 3.168 10,1% 4 3.159 7,9% 3 Gemeentebelangen-TTL 2.427 7,7% 3 2.823 7,0% 3 GrienLinks 2.342 7,5% 3 2.325 5,8% 2 KristenUny 1.984 6,3% 2 1.799 4,5% 1 D66 1.865 5,9% 2 2.829 7,1% 2 SP 1.164 3,7% 1 - - – Nij Sosjaal - - – 2.767 6,9% 2 VNLB - - – 2.344 5,9% 2 FvD - - – 1.687 4,2% 1 oare partijen 822 2,6% – - - –totaal 31.486 *45,0% 37 40.067 *55,6% 37 *) opkomstpersintaazje
Sjoch ek List fan boargemasters fan Súdwest-Fryslân
Keppelings om utens Offisjele hiemside fan Súdwest-Fryslân Fusie Súdwest Fryslân, oer de fúzje fan de gemeenten
Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2011