Anita Giusti-Looper (Aldeberkeap, 21 oktober 1975) is in Nederlânsk atlete dy’t spesjalisearre is yn lange ôfstannen. Se is trije kear Nederlânsk kampioen op de 5.000 meter wurden en Nederlânsk kampioene fjilddrave.
Libbensrin Looper begûn doe’t se 22 jier wie mei atletyk by AV’55 op It Hearrenfean. Yn septimber 1998 gie se yn Grins trenen ûnder lieding fan Arend Karenbeld. Om haksine klachten koe se yn 1999 net folle wedstriden rinne. Yn 2000 gie se foar in jier nei Teksas yn de Feriene Steaten.
Yn 2002 helle se it twadde plak op it Nederlânsk Kampioenskip 10.000 meter en 5.000 meter. Yn 2003 hie Looper te krijen mei in skuorke yn de haksine, dy’t se oprûn hie mei it fjilddraven. Nei it herstel waard se de beste Nederlânske op de 4 Myl fan Grins en helle in 67e plak op it WK fjilddraven yn Brussel.
Yn 2004 waard se Nederlânsk kampioene op de 5.000 meter en ferhuze Looper mei har Australyske freon Paul Giusti, mei wa't se no troud is, nei New York. Yn de simmer fan 2005 kaam se werom nei Nederlân en waard se wer nasjonaal kampioen op de 5.000 meter.
Nei in sulveren medalje op de 10.000 meter en nei it weromkommen fan de haksine klachten stoppe Looper mei topsport yn 2006.
Prestaasjes Kampioenskippen 2004 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter 2004 Nederlânsk Kampioen fjilddrave (lange ôfstân) 2005 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter 2006 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter
Persoanlike rekords Underdiel Prestaasje Datum Plak800 m2.12,1012 maaie 1999It Hearrenfean1.000 m2.51,254 maaie 2002Lisse1.500 m4.20,3316 july 2006Gent1 Ing. mijl4.59,47 13 septimber 1998Hilfertsom3.000 m9.15,2920 maaie 2004Vught5.000 m15.53,8931 maaie 2004Hengelo10.000 m33.38,2925 maaie 2006VughtOere rin15.878 m8 april 2000Drachten
Keppeling om utens Profyl fan Anita Giusti-Looper (Ingelsk) Anita Giusti-Looper stopt met topatletyk
Kategory:Frysk lange-ôfstânsdraver Kategory:Frysk middellange-ôfstânsdraver Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap Kategory:Persoan berne yn 1975