Nicolaas Matsier (Krommenie, 25 maaie 1945) is in Nederlânsk skriuwer en foarfjochter fan auteursrjochten fan freelancers. Nicolaas Matsier is in pseudonym fan Tjit Reinsma. It is opfallend dat er yn it boek Gesloten huis syn wiere namme foar de haadpersoan brûkt.
Biografy Matsier studearre inkelde jierren klassike talen en filosofy. Hy wie fan 1976 oant maaie 1980 en fan ein 1983 oant en mei begjin 1986 redakteur fan it literêr tydskrift De Revisor. Neist syn eigen wurk is Matsier ek bekend as oersetter fan it wurk fan de Poalsk-Ingelske skriuwer Stefan Themerson.
Mei Johannes van Dam, Max Pam en Arthur Graaff rjochte Matsier de Freelancers Assosjaasje (FLA) op. Dizze berikte nei inkelde jierren aksjes en prosedearjen dat PCM Utjouwers yn 2002 (nei't hja sels sizze) € 2,3 miljoen oan freelancers útbetelle fanwegen it skeinen fan harren auteursrjocht. Matsier is earelid fan de FLA.
Prizen 1987 - Zilveren Griffel foar Ida stak een zebra over 1995 - Ferdinand Bordewijk Priis foar Gesloten huis 1995 - Mekkapriis foar Gesloten huis 2005 - E. du Perronpriis foar Het achtenveertigste uur
Bibliografy 1976 - Oud Zuid (ferhalen) 1979 - Onbepaald vertraagd (ferhalen) 1982 - De eeuwige stad 1982 - Een gebreid echtpaartje 1985 - A is een aardappel 1986 - Ida stak een zebra over 1994 - Gesloten huis (roman) 1995 - Was Sinterklaas maar een gracht 1996 - Alice in Verbazië (essays) 1996 - Dicht bij huis 1996 - Druppel 1998 - Een sluimerend systeem (essays) 1999 - Elke dag vaderdag 2000 - Meneer Kortom kijkt uit het raam 2001 - Heimwee naar het heden (werútjefte fan Oud Zuid en Onbepaalde vertraagd) 2003 - De bijbel volgens Nicolaas Matsier 2005 - Het achtenveertigste uur 2011 - Het evangelie volgens Nicolaas Matsier 2011 - Met 4¾ kus - Brieven aan kinderen, maar niet alleen, fertaling van brieven fan Lewis Carroll 2012 - Notities over de man en het werk, foarwurd yn it boek oer it wurk fan keunstner Jan van der Kooi 2015 - Op 't duin - duingedichten en duingezichten yn 'e mande mei Helmi Goudswaard en Boudewijn Bakker.
Keppeling om utens Offisjele side fan Nicolaas Matsier
Kategory:Nederlânsk klassikus Kategory:Nederlânsk filosoof Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1945