Harald August Bohr (Kopenhagen, 22 april 1887 - dêre, 22 jannewaris 1951) wie in Deensk wiskundige. Hy wie de jongere broer fan Nobelpriiswinner Niels Bohr en wie heechlearaar oan de universiteit fan Kopenhagen. Syn ynternasjonale ferneamdens hat er te tankjen oan syn wurk oan Dirichletrigen en in stúdzje nei de Riemann-zeta-funksje, tsjintwurdich bekend ûnder de namme Bohr-Landau teorema.

By it grutte publyk wie Bohr fral bekend as fuotballer fan it Deenske team dat yn 1908 by de Olympyske Simmerspullen 1908 yn Londen twadde waard. De Denen ferlearen mei 0-2 fan Grut-Brittanje.

Keppeling om utens Profyl Deensk nasjonaal team Stikmannich fotos fan Harald Bohr Argyf fan Universiteit fan Kopenhagen

Kategory:Deensk fuotballer Kategory:Deensk Olympysk dielnimmer Kategory:Deensk heechlearaar Kategory:Deensk wiskundige Kategory:Deensk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1951