Bruno Lieuwes van Albada (Maastricht, 11 desimber 1792 – Warkum, 27 jannewaris 1876) wie in Frysk letterkundige en skriuwer fan learboekjes.
Libben Van Albada waard berne yn Maastricht, dêr't syn heit, Lieuwe Bruno van Albada, doedestiden legere wie. Sawol syn heit as syn mem, Jetske Poort, wiene ôfkomstich út Harns. Koart nei syn berte ferfear Van Albada mei syn âlden nei Ljouwert, dêr't er de Latynske skoallen trochrûn. Neitiid learde er fan 1811 oant 1814 troch oan 'e Ryksuniversiteit Grins, yn 'e teology, mar waard lykwols úteinlik ynstee ûnderwizer, fanwegen in brekme oan beskikberheid fan predikantsplakken. Fan 1816 oant 1828 wied er skoalhaad te Aldebiltsyl, en dêrnei yn Warkum oant syn pinsjonearring yn 1860.
Van Albada wie te Froubuorren troud mei IJtje Zijlstra (1802-1875). Hy skreau ferskate skoalboekjes, in stúdzje oer it Biltsk (Eenen Bijdrage tot den Bildtschen Tongval) en oantinkens: Uit de Oude en Nieuwe Doos (1875). Hy ferstoar yn 1876 te Warkum. Syn oantinkens oan syn Biltske tiid waarden yn 1961 troch Hotze Sytses Buwalda oerset yn it Biltsk en yn trije ôfleverings publisearre yn 'e Biltske Post, ûnder de titel Ut 't Leven fan 'n Ouwesylster Skoalmaster (1816-1828).
Keppeling om utens Van Albeda by de DBNL
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk autobiograaf Kategory:Aldebiltsyl Kategory:Persoan stoarn yn Warkum Kategory:Persoan berne yn 1792 Kategory:Persoan stoarn yn 1876