thumb|right|John Adams 150px|right John Adams (Braintree. 30 oktober 1735 - (Quincy, 4 july 1826 ) wie in Amerikaansk gesant en letter de 2de Presidint fan de Feriene Steaten fan 1797 oant 1801.

Earder wie er de 1e fise-presidint ûnder presidint George Washington fan 1789 oant 1797. Adams wie ien fan de wichtichste minsken dy't de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearing mooglik makke hawwe. Syn soan John Quincy Adams wie fan 1825 oant 1829 de 6de Presidint fan de Feriene Steaten.

Gesant Adams gong yn de simmer fan 1780 nei Amsterdam om yn de Republyk fan de Feriene Nederlannen politike en finansjele stipe te finen foar de Amerikaanske opstân tsjin de Ingelsken. Syn soannen John Quincy (13) en Charles (10) holden him by dy reis selskip.

Adams frege yn 1781 om talitting as gesant by de Steaten Generaal. De Fryske steaten sprutsen har fan alle gewesten as earste út foar de talitting en foar in freonskips- en hannelsferdrach. Se erkenden sa de ûnôfhinklikheid fan Amearika. Dat beslút wie oanlieding ta it slaan fan in tinkpinning en foar feesten yn Frjentsjer. Fan Amerikaanske kant is der yn it Provinsjehûs in tinkstien oanbrocht yn 1909.

Keppelings om utens Biografy Wite Hûs POTUS The Papers of John Adams

Kategory:Amerikaansk federaal politikus Kategory:Presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Fise-presidint fan de Feriene Steaten Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1735 Kategory:Persoan stoarn yn 1826