thumb|Merce Cunningham Merce Cunningham, (Centralia), 16 april 1919 – New York City, 26 july 2009) wie in wichtige Amerikaanske koreograaf yn de 20e iuw.

As dosint en haad fan de Merce Cunningham Dance Company fernijde Merce Cunningham yn 'e fyftiger jierren alle gongbere koades fan it doetiidske beskriuwende ballet. As koreograaf liet hy de ferhaalline en de logyske opbou lizze. Hy liet syn dûnsers gjin ferhaal fertelle op muzyk mei in oanpast dekor, mar liet de koreografy it ferhaal fertelle. Fierders yntrodusearre hy it tafal yn de dûns, faak mei muzyk fan John Cage.

Koreografyen 2009 : Nearly Ninety 2006 : EyeSpace 2005 : Views on Stage 2003 : Split Sides 2000 : Interscape mei dekôrs en kostúms troch Robert Rauschenberg 1999 : Biped 1998 : Hand Drawn Spaces 1998 : Pond Way 1997 : Scenario mei kostúms troch Rei Kawakubo 1993 : CRWDSPCR 1991 : Beach Birds 1988 : Changing Steps en Five Stone Wind 1983 : Roaratorio op muzyk fan John Cage 1973 : Un jour ou deux 1970 : Objects 1968 : Walkaround Time 1960 : Crises 1956 : Changelings 1951 : 16 Danses pour soliste et compagnie de trois 1948 : Untitled Solo

Keppelings om utens Merce Cunningham yn NRC Merce Cunningham Dance Company DLAR Artists bio

Kategory:Amerikaansk koreograaf Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:moderne dûns Kategory:Persoan berne yn 1919 Kategory:Persoan stoarn yn 2009