Jabik fan Dimter (Kampen, ± 1515 - Keulen, maaie 1575 ) wie in kartograaf út de 16e iuw.

Fan Dimter wie in learling fan Gemma Frisius en stie yn tsjinst fan de keizer. De 'heit fan de Nederlânske kartografen' tekene yn 1545 in kaart fan Fryslân (ûnder oare yn Itaalje útjûn ) en in kaart fan It Bilt. Makke ek mear as 250 'stedeplans' ( op skaal 1:75.000 ) foar de Spaanske legerlieding (1555 - 1575 ). Wopke Eekhoff hat dy yn 1865 kocht en foar de wittenskip bewarre. G. Braun en F. Hogenberg folgen Fan Dimter nei yn harren Stêdeboek (1581, 1588)

Priuwke fan syn wurk

Keppelings om utens Bibliothèque Royale de Belgique Biblioteca Nacional de España¹ Biblioteca Nacional de España² Reproduits en fac simile Biblioteca Nacional de España³ Utertsk Argyf

Kategory:Nederlânsk kartograaf Kategory:Dútsk kartograaf Kategory:Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1515 Kategory:Persoan stoarn yn 1575